Mantgum is in terpdoarp yn 'e Fryske Greidhoeke en leit yn de gemeente Ljouwert. Ta de himrik fan Mantgum hearre ek de buorskippen Jeth, Tsjeintgum en Skillaerd.

Skiednis Mantgum wurdt yn 1329 foar it earst ûnder de namme 'Mantinga-heem' neamd, mar it doarp is folle âlder. Mantgum lei oan de westlike kant fan de Middelsee njonken de tsjintwurdich net mear besteande terp Szentinge. Yn 1580 fusearre de parochy mei dy fan Skillaerd, beide tsjerken wiene wijd oan de hillige Jongfaam Marije.

Yn de 16e iuw bewenne de haadling Seerp Galama de state Hokswier benoarden Mantgum. Hy fersette him tsjin de Spanjerts en waard yn 1572 ferballe troch Alva, mar kaam yn 1576 werom. Syn grêfstien is noch altiten te sjen yn de Mantgumer tsjerke.

Yn 1796 hie it doarp ynklusyf Skillaerd 203 ynwenners, werfan't goed 200 jier nei de reformaasje noch jimmeroan 50 minsken roomsk wiene. Mantgum begûn in doarp fan rinteniers te wurden en sa waarden yn Mantgum in opfallend tal monumintale wenten yn klassisistyske styl boud. De wenten krigen rejale tunen, wêrfan't ien sels ynrjochte waard as in Ingelske tún. thumb|left|250px|Alde gemeentehûs Baarderadiel Mantgum waard yn 1908 it haadplak fan de gemeente Baarderadiel en bleau dat oant 1984, it jier dat de gemeenten Baarderadiel en Hinnaarderadiel fusearren ta de gemeente Littenseradiel. Sûnt stie it gemeentehûs yn Wommels. Dat de boargemaster ynearsten noch yn Mantgum wenjen bleau wie de Wommelsers mar min nei it sin. It doarp leit sûnt de gemeentlike weryndieling fan 1 jannewaris 2018 yn 'e gemeente Ljouwert.

Mei't it doarp gaadlik oan it spoar fan Ljouwert en Snits lei, koe it doarp sûnt de jierren 1970 en 1980 fluch groeie nei it noarden ta. De lêste nijbou krige ek grêften, sadat der oan it wetter wenne wurde koe. Dy hawwe oer de Mantgumer Feart ferbining mei De Swette. Der is ek in lytse passantehaven. Namme De namme Mantgum is de ferkoarte ferzje fan de eardere namme, Mantinga-heem, it hiem fan de Mantinga's. De Mantinga's joegen har namme oan Mantgum en hienen sels harren namme fan harren sibbe Mante krigen. De namme Mantinga-heem is oer Mantingum ferwurden ta Mantgum.

In sêge wol ha dat de namme komt fan in rûzje tusken twa susters (Mantua en Gezina), dy't in tsjerke bouwe woenen. Mantua neamde har suster in 'schilaard' (in dwerskop), en sa kaam it dat Mantua in tsjerke mei doarp boude, dat de namme Mantgum krige, en har suster in tsjerke mei doarp, dat de namme Skillaerd krige.

Wapen It wapen wurdt troch de Fryske Rie foar Heraldyk omskreaun: 'yn read in op de trochsnijingsline swimmende swan mei opslaande wjukken fan sulver, yn it skyldhaad beselskippe fan in gouden seispuntige stjer; in weagjende blauwe skyldfoet, belein mei in sulveren leelje'.

De stjer ferwiist nei de status fan Mantgum as haadplak fan Baarderadiel. De swan tsjut op it rjocht fan swannedrift, dat ferbûn wie oan Hokswier. De leelje is ûntliend oan it wapen fan Hokswier. De golvende skyldfoet stiet foar de Middelsee dêr't Mantgum eartiids oan lei.

Mienskip thumb|260px|Seerp van Galemawei 2 Yn de jierren 1990 is it mienskipssintrum 'De Wjukken' boud as ferfanging foar it âlde sintrum 'De Wjuk', dat net mear foldie oan de easken fan de tiid. 'De Wjuk' wie de eartiidske skoalle en is no in wenhûs. It nije sintrum is mei troch de Mantgumers sels boud en falt op oan de eastkant wat de arsjitektuer oanbelanget. Njonken doarpshûs is it ek klaairomte foar de keats-, tennis- en kuorbalferienings. By it sintrum lizze de sportfjilden, tennisbaan en jeu-de-boule-baan. Boppedat sit der yn it sintrum in jongereinhonk.

De 'Stifting Freed' organisearret aktiviteiten foar de jongerein. 'Mandeguod' is de doarpskrante foar Mantgum en omkriten. De Merkekommisje organisearret alle jierren it doarpsfeest.

Skelnamme thumb|260px|Seerp van Galemawei 13 De skelnamme foar Mantgumers is 'Kanaäniten'. De namme ûntstie sa healwei de 19e iuw, doe't de rinteniers harren hûzen bouden en de Mantgumer tsjerke ryk wie. De skelnamme ferwiist nei it rike folk út de Bibel, dat de Israeliten nei harren tocht troch de woastyn oantroffen yn it Unthjitten Lân. Fanwegen de deftige hûzen waard Mantgum ek wol 'Lyts Kanaän' neamd.

Skoalle De iepenbiere basisskoalle fan Mantgum hjit 'De Gielguorde'. In gielguorde is in bewarplak foar apels en parren om se rypje te litten (eartiids wie dat meastentiids yn 't hea fan in buorkerij).

Tsjerke thumb|260px|Marijetsjerke

De Marijetsjerke waard om 1500 hinne boud en ferfong doe in âldere út likernôch 1200. De tsjerke wurdt brûkt troch de PKN Mantgum-Skillaerd.

Ferienings Panta Rhei - frouljuskoar Mantgumer Maten - manljuskoar WWC - kuorbal Wjukslach - jeu de boule Jacob Klaver - keatsen Resitearkolleezje Frisia 1874 - toanielferiening Fûgelwacht Mantgum e.o - ôfdieling fan de BFVW

Befolkingsferrin Jier 1954 1959 1964 1969 1974 2004 2022 Ynwenners 449 418 417 403 470 980 1.135

Ferskaat thumb|260px|Mantgumer mûne thumb|260px|Lyts Kanaän Yn Mantgum wennet skriuwster Wieke de Haan By de toer fan Skillaard stiet in monumint foar de Twadde Wâldkriich foar de manlju dy't omkamen nei harren Short Stirling oansketten wie en ûntplofte boppe de Mantgumer Feart. Op it tsjerkhôf binne de grêven fan:

Sergeant George William Armen, 30 jier, navigator Flight Sergeant Harold Stanley Howland, 26 jier, piloat Sergeant Albert Leslie Hyrons, boardwerktúchkundige Sergeant James Gordon Lamb, 21 jier, bommerjochter Sergeant William Alfred Martin, skutter Sergeant George Arthur Moss, 19 jier, skutter Sergeant William Henry (Harry) Pritchard, 26 jier, radiotelegrafist.

Ynfrastruktuer

Treinferbining Mantgum hat in stasjon oan it spoar fan Louwert nei Starum De ferbining wurdt fersoarge troch Arriva.

Bustsjinst De folgjende busline rint troch Mantgum:

Line 93: Snits - Ljouwert fia Mantgum

De busline troch Mantgum wurdt fersoarge troch Qbuzz.

Strjitten Alle strjitten yn Mantgum.

Sjoch ek Beskerme steds- en doarpsgesichten yn Fryslân Fryske doarpen

Kategory:Doarp of stêd yn Ljouwert (gemeente) Kategory:Beskerme doarpsgesicht yn Nederlân Kategory:Doarp of stêd yn Littenseradiel Kategory:Doarp of stêd yn Baarderadiel