Fedde Schurer (Drachten, 25 july 1898 - It Hearrenfean, 19 maart 1968)Fedde Schurer yn 'e Digitale Bibliotheek voor de Nederlandse Letteren (DBNL) wie in Frysk ûnderwizer, sjoernalist en taalaktivist,Klaes Dykstra en Bouke Oldenhof, Lyts Hânboek fan de Fryske Literatuer, Ljouwert (Afûk), 1997, s. 92 en ien fan 'e ynfloedrykste Frysktalige dichters fan 'e tweintichste iuw.Johanneke Liemburg, Fedde Schurer (1898-1968): Biografie van een Friese Koerier, Ljouwert (Friese Pers/Noordboek), 2010Fedde Schurer yn it Biografisch Woordenboek van het Socialisme en de Arbeidersbeweging in Nederland Doe't er yn 1951 foarkomme moast fanwegen mislediging fan in rjochter dy't wegere Frysk te ferstean, late dat ta Kneppelfreed, in opskuor op it Ljouwerter Saailân dy't úteinlik in wichtige ferbettering fan 'e steatsrjochtlike posysje fan 'e Fryske taal fan gefolgen hie.Peter R. Boomsma, Kneppelfreed, Frjentsjer (Uitgeverij Van Wijnen), 1998, s. 9 Dêrnjonken wie Schurer as politikus yn 't spier foar de kristensosjalistyske Kristlik-Demokratyske Uny (CDU) en letter siet er yn 'e Twadde Keamer foar de Partij fan de Arbeid.Klaes Dykstra en Bouke Oldenhof, Lyts Hânboek fan de Fryske Literatuer, Ljouwert (Afûk), 1997, s. 92 Teffens wied er ien fan 'e foaroanmannen fan it Kristlik Frysk Selskip en sette er him tige yn foar it Frysk yn 'e tsjerken.Klaes Dykstra en Bouke Oldenhof, Lyts Hânboek fan de Fryske Literatuer, Ljouwert (Afûk), 1997, s. 92
Libben en karriêre Jonkheid, oplieding en houlik Fedde Schurer waard berne yn Drachten as ien fan 'e fjouwer bern yn 'e grifformearde húshâlding fan Bouke Schurer en Grietje Wagenaar. Hy hie twa âldere susters, Willemke ("Wim") fan 1891 en Klaske ("Klas") fan 1892, en in âldere broer, Tsjipke ("Tsjip") fan 1894. Tusken Tsjip en himsels hiene noch twa yn 'e widze ferstoarne poppen sitten, wêrfan't de âldste ek Fedde hjitten hie en de jongste nammeleas bleaun wie.Fedde Schurer, De Besleine Spegel, Amsterdam (Moussault's Uitgeverij N.V.), 1969, s. 5 Yn 1904, doe't Schurer seis jier wie, ferfear de húshâlding nei in arbeidershúske oan 'e seedyk ûnder De Lemmer,Fedde Schurer, De Besleine Spegel, Amsterdam (Moussault's Uitgeverij N.V.), 1969, s. 20Fedde Schurer yn it Biografisch Woordenboek van het Socialisme en de Arbeidersbeweging in Nederland dêr't er fierder opgroeide en nei de legere skoalle gie.Fedde Schurer, De Besleine Spegel, Amsterdam (Moussault's Uitgeverij N.V.), 1969, s. 18-30
Mei tolve jierFedde Schurer, De Besleine Spegel, Amsterdam (Moussault's Uitgeverij N.V.), 1969, s. 31 moast Schurer by baas Eelke Jabiks op 'e Lemmer oan it wurk as timmermansfeintsje.Fedde Schurer, De Besleine Spegel, Amsterdam (Moussault's Uitgeverij N.V.), 1969, s. 31-41 De stúdzje loek him lykwols: yn 'e jûnsoeren gie Schurer nei de faktekenskoalle en úteinlik folge er in ûnderwizersoplieding.Fedde Schurer, De Besleine Spegel, Amsterdam (Moussault's Uitgeverij N.V.), 1969, s. 31-41 Syn earste oanstelling krige er yn 1919 oan 'e bysûndere legere skoalle op 'e Lemmer, dêr't er sels ek op sitten hie.Fedde Schurer yn it Biografisch Woordenboek van het Socialisme en de Arbeidersbeweging in Nederland Syn frou Willemke "Willy" de Vries, dy't skoaljuffer wie en oan deselde skoalle stie, koed er al út syn jierren as timmerfeint, mei't sy it fanke wie dat eltse dei de krante yn 'e timmerwinkel brocht.Fedde Schurer, De Besleine Spegel, Amsterdam (Moussault's Uitgeverij N.V.), 1969, s. 49 Schurer en Willy trouden op 1 july 1924, en hoewol't harren houkik sûnder bern bleau, namen se letter in jonkje oan, dat fan Andries kaam te hjitten.Fedde Schurer yn it Biografisch Woordenboek van het Socialisme en de Arbeidersbeweging in NederlandBeheinde biografy fan Fedde Schurer
Rebûlje op 'e Lemmer en nije kânsen yn Amsterdam Yn 'e tweintiger jierren ûntjoech de kristensosjalist Fedde Schurer him ta fûleindich en iepentlik pasifist. Sa publisearre er ferskate brosjueres oer kristendom en oarloch (twa konsepten dy't neffens him net mei-inoar te ferienjen wiene).Fedde Schurer yn it Biografisch Woordenboek van het Socialisme en de Arbeidersbeweging in Nederland Mei't it pasifisme doedestiden troch de fêstige oarder as in ferdjerlike en gefaarlike libbensoertsjûging beskôge waard, brocht dit him op 'e Lemmer yn konflikt mei sawol de grifformearde tsjerkeried as it skoalbestjoer, dat syn wurkjouwer wie. Yn in opsjen jaande saak late dat der úteinlik ta dat Schurer, dy't net omlyk woe, dien krige.Fedde Schurer, De Besleine Spegel, Amsterdam (Moussault's Uitgeverij N.V.), 1969, s. 65-96Fedde Schurer yn it Biografisch Woordenboek van het Socialisme en de Arbeidersbeweging in Nederland Neitiid ferfear er Amsterdam, dêr't er in oanstelling oan in iepenbiere legere skoalle krije koe.Fedde Schurer, De Besleine Spegel, Amsterdam (Moussault's Uitgeverij N.V.), 1969, s. 96Fedde Schurer yn it Biografisch Woordenboek van het Socialisme en de Arbeidersbeweging in Nederland
Schurer wie in bejeftige sprekker, en waard ek geregeldwei as sadanich frege. Syn pasifistyske en sosjalistyske ideeën wiene genôch om guon lju tige senuweftich te meitsjen; dêrfandinne dat de BVD, de Nederlânske geheime tsjinst, in dossier oer him oanlei.Beheinde biografy fan Fedde Schurer (ûnder it kopke Talentvol en gevaarlijk spreker: "Yn in BVD-dossier wurdt Schurer sjoen as "Talintfol en gefaarlik sprekker, yn 't bysûnder gefaarlik foar jonge minsken.") Schurer krige dit dossier al rillegau sels ûnder eagen, mar beskôge it as in eareteken,Fedde Schurer, De Besleine Spegel, Amsterdam (Moussault's Uitgeverij N.V.), 1969, s. 89 en syn pasifistyske gedachteguod bleau er oant syn dea trou. Under de Twadde Wrâldoarloch wied er belutsen by it Nederlânsk ferset yn Amsterdam, en waard syn wente brûkt as in tydlik skûlplak foar ûnderdûkers, foar't dy de stêd út en nei feiliger oarden ta brocht wurde koene.Fedde Schurer, De Besleine Spegel, Amsterdam (Moussault's Uitgeverij N.V.), 1969, s. 126-134
Werom yn Fryslân Nei de oarloch kearde Schurer mei syn húshâlding werom nei Fryslân, dêr't se har nei wenjen setten op it Hearrenfean. Hy fûn wurk as haadredakteur by de Fryske Koerier, ien fan 'e mar in pear fersetsbledsjes út 'e yllegaliteit dy't har nei 1945 ta folweardige kranten ûntjaan koene.Fedde Schurer, De Besleine Spegel, Amsterdam (Moussault's Uitgeverij N.V.), 1969, s. 148-152Fedde Schurer yn it Biografisch Woordenboek van het Socialisme en de Arbeidersbeweging in NederlandPeter R. Boomsma, Kneppelfreed, Frjentsjer (Uitgeverij Van Wijnen), 1998, s. 16-19 Fan jongs ôf oan hie Schurer in fûleindich pleitbesoarger foar it Frysk west. As tweintichjierrige jongfeint wied er in hoart lid fan 'e Jongfryske Mienskip, mar al gaueftich wied er oerstapt nei it Kristlik Frysk Selskip, dêr't er in skoft bestjoerslid fan west hie.Fedde Schurer, De Besleine Spegel, Amsterdam (Moussault's Uitgeverij N.V.), 1969, s. 54-56 Doe't yn 1950 yn in rjochtsaak tsjin twa molktapers út Aldeboarn en yn 1951 jitris yn in saak tsjin 'e bistedokter Sjirk Frânses van der Burg fan 'e Lemmer de rjochter, mr. S.R. Wolthers, de fertochten lytsachtsjend taspriek om't se yn 'e rjochtseal har memmetaal prate woene, en boppedat offisjeel wegere om har te ferstean (hoewol't er dat wol koe),Peter R. Boomsma, Kneppelfreed, Frjentsjer (Uitgeverij Van Wijnen), 1998, s. 24-27, 33/34 mong Schurer him as kranteman yn it dêrtroch feroarsake trelit. Yn in haadartikel yn 'e Fryske Koerier feroardiele er Wolthers syn optreden as "lytsbernich, misledigjend en narjend", wylst er de rjochter en syn lyksinnige kollega's ferlike mei de Swarte Heap, de binde moardzjende en plonderjende Saksyske hierlingen dêr't Fryslân yn Grutte Pier syn tiid sa fan te lijen hie. De titel fan syn artikel wie dan ek: De laatste man van de Zwarte Hoop, wat op Wolthers sloech.Fedde Schurer, De Besleine Spegel, Amsterdam (Moussault's Uitgeverij N.V.), 1969, s. 164-166Peter R. Boomsma, Kneppelfreed, Frjentsjer (Uitgeverij Van Wijnen), 1998, s. 34-36 Dêrop waard er oanklage foar kwealaster, en moast er tegearre mei Tsjebbe de Jong, dy't yn it Boalserter Nijsblêd soartgelikense útlittings dien hie, op freed 16 novimber 1951 foarkomme yn it Paleis fan Justysje te Ljouwert.Peter R. Boomsma, Kneppelfreed, Frjentsjer (Uitgeverij Van Wijnen), 1998, s. 37/38
Kneppelfreed Op it Saailân, foar it Paleis fan Justysje, kaam dy deis in grutte macht folk gear. Der wiene guon sympatisanten fan Schurer by (wêrûnder grutte nammen út 'e Fryske literêre fermiddens, lykas Douwe Tamminga, Anne Wadman en Eeltsje Boates Folkertsma), fierders party Fryske nasjonalisten, de leden fan 'e Frysktalige skriuwende parse dy't net yn 'e rjochtseal talitten waarden (sabeare om't dy te lyts wêze soe) en ek in groep studinten mei spandoeken. Mar freeds wie it sawol merk as feemerk yn Ljouwert, en it meastepart fan it folk bestie ienfâldichwei út leden fan it winkeljend publyk en boeren en keaplju dy't fan 'e feemerk kamen, en dy't gearklofte wiene om te sjen wat der te rêden wie.Peter R. Boomsma, Kneppelfreed, Frjentsjer (Uitgeverij Van Wijnen), 1998, s. 44-47 Troch in dwersferkeard optreden fan 'e plysje,Peter R. Boomsma, Kneppelfreed, Frjentsjer (Uitgeverij Van Wijnen), 1998, s. 47-49 rûn it spul folslein út 'e hân en draaide it út op 'e opskuor dy't bekend wurden is ûnder de namme fan Kneppelfreed, nei de wapens dy't de plysje brûkte om op 'e mannichte yn te huffen.Fedde Schurer, De Besleine Spegel, Amsterdam (Moussault's Uitgeverij N.V.), 1969, s. 168-170Peter R. Boomsma, Kneppelfreed, Frjentsjer (Uitgeverij Van Wijnen), 1998, s. 49-53 thumb|left|250px|It stânbyld fan Fedde Schurer op It Hearrenfean, yn 1974 makke troch Guus Hellegers.
Kneppelfreed sloech yn Fryslân yn as in bom. Nea earder hiene de autoriteiten har op sa'n manear tsjin it folk keard. Rûnom yn 'e provinsje waarden protestgearkomsten holden dêr't lulke Friezen fan har ôfbieten.Fedde Schurer, De Besleine Spegel, Amsterdam (Moussault's Uitgeverij N.V.), 1969, s. 170-171Peter R. Boomsma, Kneppelfreed, Frjentsjer (Uitgeverij Van Wijnen), 1998, s. 54-60 en 65-68 It barren helle sels de bûtenlânske kranten,Fedde Schurer, De Besleine Spegel, Amsterdam (Moussault's Uitgeverij N.V.), 1969, s. 177 en yn 'e Twadde Keamer waarden fragen steld troch û.m. Johan Scheps (PvdA) en âld-premier Pieter Sjoerds Gerbrandy (ARP).Peter R. Boomsma, Kneppelfreed, Frjentsjer (Uitgeverij Van Wijnen), 1998, s. 68-74 Op 't langelêst waard fan it Nederlânsk regear yn De Haach in kommisje besteande út trije ministers nei Fryslân ta stjoerd om út te finen wat de Friezen woene.Peter R. Boomsma, Kneppelfreed, Frjentsjer (Uitgeverij Van Wijnen), 1998, s. 76-78 Dat resultearre úteinlik yn oanpassings oan 'e Nederlânske wetjouwing, dy't Friezen tenei û.m. it rjocht joegen om yn 'e rjochtseal Frysk te praten en dy't harren taal yn Fryslân de status fan "twadde rykstaal" joegen.Fedde Schurer, De Besleine Spegel, Amsterdam (Moussault's Uitgeverij N.V.), 1969, s. 174-183Peter R. Boomsma, Kneppelfreed, Frjentsjer (Uitgeverij Van Wijnen), 1998, s. 99-107 Kneppelfreed wurdt noch altyd beskôge as ien fan wichtichste mylpeallen op it mêd fan 'e emansipaasje fan 'e Fryske taal.Peter R. Boomsma, Kneppelfreed, Frjentsjer (Uitgeverij Van Wijnen), 1998, s. 9 Wat Schurer ditoangeande oanbelanget, dy ferlear syn rjochtsaak, en nei syn heger berop moast er úteinlik in boete betelje.Fedde Schurer, De Besleine Spegel, Amsterdam (Moussault's Uitgeverij N.V.), 1969, s. 163-168 en 171-173Peter R. Boomsma, Kneppelfreed, Frjentsjer (Uitgeverij Van Wijnen), 1998, s. 39-44 en 82-92
Yn 'e polityk