Ealsum (Nederlânsk en offisjeel: Aalsum) is in doarp yn de gemeente Noardeast-Fryslân. Ealsum leit noardlik fan Dokkum, súdeastlik fan Hantumerútbuorren en súdwestlik fan Wetsens, Nijewier en Mitselwier.
De buorskippen Tiltsjebuorren, Swarte Mosk en Sibrandahûs (gruttendiels) hearre ek by Ealsum.
Ealsum hat ()https://opendata.cbs.nl/statline ynwenners.
Skiednis Ealsum komt as Atlesheim foar yn de Fuldalist fan 945.
Dokkum en Ealsum Ealsum hat in aardich grutte himrik, mar dy hat yn it ferline noch grutter west. Dokkum hie gjin klokslach en de stedsgrêft wie ek de grins mei Ealsum. Tsjerklik is dat sa bleaun. In tal Dokkumers hearde tsjerklik by Ealsum en oare doarpen. Yn 2005 binne de herfoarme gemeenten fan Dokkum en Ealsum/Wetsens ien wurden. Dêr is it nedige oer praat. De Ealsumers hienen gjin nocht om troch in efterdoar Dokkumers te wurden.
Dokkum hie sels net in stasjon fan de Noord Friesche Lokale Spoorweg. Om't it stasjon oan it spoar fan Ljouwert nei Eanjum bûten de stêd lei, stie it Dokkumer Lokaaltsje yn Ealsum. Ek de doetiidske kristlike kweekskoalle stie op Ealsumer grûn. Troch de útwreiding fan Dokkum moasten der om de safolle tiid grinskorreksjes komme. In grinskorreksje joech faak spul tusken Dokkum en East-Dongeradiel. Der is sels in grinskorreksje net hielendal trochgien, om't de boargemaster fan East-Dongeradiel dan yn Dokkum kaam te wenjen.
De Tsjerke
Ealsum hat in romaanske tsjerke út omtrint 1200. De tsjerke wie foar de reformaasje wijd oan Katarina. Yn 1843 is de toer ôfbrutsen en it klokhûs op de nije westgevel set.
Yn it houten tuorke hinget in klok út 1440. Dy is getten troch Jan Butendiic (sjoch Steven Butendiic). Op de klok steane reliëfs fan de hillige Katarina, dy't ornaris ôfbylde wurdt mei in rêd en dy't ek it rêd yn it doarpswapen fan Ealsum ferklearret. Herma M. van den Berg, Noordelijk Oostergo, De Dongeradelen, Aalzum.
De terp thumb|left|Ofgraving terp Ealsum om 1884 De terp is om 1880 hinne foar it grutste part ôfgroeven. Der binne doe wichtige archeologyske fynsten út de 7e iuw dien, dy't ek yn it bûtenlân omtinken krigen. De Vrije Fries, 1886, siden 26-38 De tsjerke stiet op in restant fan de terp, dy't in hichte fan 5,3 meter hat.
Twadde Wrâldoarloch Yn de Twadde Wrâldoarloch wiene der sûnt de hjerst fan 1944 wapendroppings yn it fjild benoarden Ealsum by Tiltsjebuorren. Op 5 maaie 1965 is der in tichtby lizzende pleats nei ferneamd, 'Droppinghiem'.Monumint Droppinghiem, Traces of war Net fier fan it âlde droppingsplak stiet it oarlochsmonumint 'Droppinghiem'.
De mûne thumb|left|Houtseachmole Eben Haëzer Oan de Ealsumer Feart stie sûnt sawat 1750 de houtseachmûne 'Eben Haëzer'. Yn de Earste Wrâldoarloch hat der ek noch in mokselpelderij yn sitten. Yn 1927 is de mûne sloopt.Eben Haëzer, Dokkum
De States Mockema State
Mockema state stie besuden de doarpsterp oan de Mockemawei.
De earste kear dat Mockema State neamd waard wie yn 1492, doe't skreaun waard dat Mockema State fernield wie troch minsken út de stêd Grins. It gebou bleau wol stean en waard yn 1611 ferkocht. Yn 1695 waard de state opnij ferkocht en yn 1811 waard der skreaun dat it stategebou yn pún lei en dat der fan de poarte noch in diel stie.
Fan de state is neat mear te finen en de grûn is ûnbeboud bleaun.
Stinstera State
Tsjin de grins fan de himrik fan Wetsens en eastlik fan de terp fan Sibrandahûs stiet de pleats Stinsterastate. De pleats stiet op in stik grûn mei in grêft der om hinne.
De earste kear dat Stinstrastate neamd waard is yn 1583. De pleats waard doe yn in weesboek omskreaun as in aldfrysk langhûs.
Op it terrein fan de state stiet noch hieltyd in kop-hals-romppleats.
Miedema Sathe Neist de terp Sibrandahûs stiet in wichtige pleats mei de namme Miedema Sathe. De kop-hals-romppleats hat in hûs dat dwers op de skuorre boud is.
Mienskip thumb|260px|Tsjerke fan Ealsum thumb|260px|Kop-hals-romppleats yn Ealsum Yn Ealsum is in Feriening foar Doarpsbelangen.
Tsjerke PKN-gemeente Dokkum-Ealsum-Wetsens Befolkingsferrin Jier 1840 1954 1959 1964 1969* 1974 2004 Ynwenners 306 415 378 376 178 152 162 Jier 2013 2015 2020 Ynwenners 127 130 120 (* nei grinswiziging mei ûnder oaren Dokkum) (Boarnen: 1840: Plaatsengids; 2015 en 2020: Alle Cijfers)
Berne Feddo Jan van Slooten (1750-1804), boargemaster Pieter Helder (1811-1883), provinsjaal politikus Simon Elzinga (1882-?), pedagooch. Frans Sijtsma (1899–1994), ARP-politikus Rink van der Velde (1932-2001), skriuwer
Bustsjinst De busline troch Ealsum wurdt fersoarge troch Qbuzz.
Strjitten Dokkumerwei - wei nei Dokkum Droppingwei - Dropping fan wapens yn de Twadde Wrâldoarloch Hantumerwei - wei nei it doarp Hantum Tsjaerd Mockemawei - Tsjaard Mockema Stinstrawei - Stinstrastate Sybrandawei - rjochting Sibrandahûs (Dongeradiel). Waard eartiids Aldewei neamd as ûnderskied mei de Dokkumerwei. Ek de namme Sandwech waard oantsjutten op âlde kaarten. Neffens in beskriuwing fan S.E. Wendelaar Bonga yn de útjefte fan 1942 oer Ealsum âld en nij, soe dy ek jilde moatte foar de hjoeddeiske Sybrandawei.
Sjoch ek Fryske doarpen
Kategory:Doarp of stêd yn East-Dongeradiel Kategory:Doarp of stêd yn Dongeradiel Kategory:Doarp of stêd yn Noardeast-Fryslân