Johannes Gerrit Brandsma (Seisbierrum, 23 oktober 1957 - Achlum, 31 maart 2023Ljouwerter Krante, 31-3-2023, Oud-topkaatser Johannes Brandsma (65) na kort ziekbed overleden), ek wol "De Brand" neamd, wie in âld-topkeatser dy't sawol yn it Frysk spul as it peloaten syn spoaren fertsjinne hat. Nei syn aktive sportkarriêre makke Brandsma namme as trainer en coach.
Johannes Brandsma ferstoar yn 'e nacht fan 30 op 31 maart 2023, yn 'e aldens fan 65 jier, nei in koart siik wêzenOmrop Fryslân, 31-3-2023, Ald-topkeatser Johannes Brandsma (65) ferstoarn.
Punteklassemint Yn de 12 jier dat hy aktyf wie yn de haadklasse fan de KNKB keatse hy 659 klassemintpunten byinoar: hy keatste 216 finales, wêrfan hy 157 winnend wist ôf te sluten en helle nochris 68 lytse premys. Brandsma waard mar leafst 57 kear ta kening útroppen. De Brand wie seis kear klassemintswinner, yn 1982 mei in rekôr puntetal fan 98. Ek it tal oerwinnings wie dat jier heger as ea in oare keatser helle hie: 29. Beide rekôrs binne sûnt dy tiid noch net brutsen.
Ferrin keatskarriêre Brandsma makke syn entree yn de haadklasse yn 1977. Syn suksesfolste jierren wiene 1982 em 1983 doe't er mei Piet Jetze Faber en Sake Saakstra in suver net te ferslaan partoer foarme. Brandsma hat syn karriêre yn it Frysk spul yn 1985 en 1986 ûnderbrutsen foar in Belgysk aventoer by it peloteteam fan Braine-le-Compte. Yn 1990 kaam Brandsma foar it lêst út yn de haadklasse en keatste dêrnei noch 4 jier yn Belgje.
De PC De PC waard troch Brandsma 4 kear wûn: yn 1982 en 1983 as efterynse mei Sake Saakstra en Piet Jetze Faber en yn 1987 en 1988 as foarynse mei Peter Rinia en Tunno Schurer.
Oare klassikers Oare klassikers dy't Johannes Brandsma op syn earelist stean hat binne de Bûnspartij (2x), de Jong Nederlânpartij (2x), de Rengersdei (6x) de Aldehoupartij (3x) en de Van Aismadagen (3x).
Prizen 1977 - Jong Nederlân 1e priis 1978 - Jong Nederlân 3e priis 1978 - PC 3e priis 1979 - Jong Nederlân 1e priis 1979 - PC 4e priis 1978 - de Bond 7e priis 1979 - de Bond 5e priis 1980 - PC 2e priis 1981 - de Bond 1e priis 1981 - PC 3e priis 1982 - PC 1e priis 1983 - de Bond 8e priis 1983 - PC 1e priis 1984 - de Bond 1e priis 1984 - PC 2e priis 1987 - de Bond 2e priis 1987 - PC 1e priis 1988 - PC 1e priis 1995 - de Bond 7e priis
Literatuer Bretaalwei De Brand, keatsbiografy fan Johannes Brandsma", Jelle Bangma, 1992, ISBN 90-73554-01-2
Kategory:Frysk keatser Kategory:Frysk keatstrainer Kategory:Persoan berne yn Seisbierrum Kategory:Persoan berne yn 1957 Kategory:Persoan stoarn yn 2023