Sjirk de Wal (ek wol Sierk de Wal; Jelsum, 8 jannewaris 1852 - Essen oan de Roer (Dútslân), 9 septimber 1909) wie in breakeatser dy't syn suksessen helle oan de ein fan de 70-er en yn de 80-er jierren fan de 19e iuw. Hy wie yn 1885 de tredde keatser dy't ta kening keazen waard op de PC. Hy wûn de PC mar leafst sân kear: 1877, 1878, 1880, 1881, 1883, 1885 en 1886. Hy wie twa kear ferliezend finalist.
Sjirk de Wal waard berne yn Jelsum, mar ferhuze al as jonkje fan 4 jier nei Dronryp. As jongfeint hie er al namme makke yn keatsfermiddens. As breakeatser reizge hy de merkepartijen ôf. Hy waard lykwols faak útsletten fan dielname omdat er te goed wie, en sa oaren der fan ôf hâlde om oan de partijen mei te dwaan. Dat koste de kastleins dy't de keatspartijen meast útskreaunen tefolle omset.
Yn 1893 waard yn Dronryp in keatsferiening oprjochte dêr't de Wal de nammejouwer fan waard: VvV Sjirk de Wal. It wie yn dy tiid net ûngebrûklik dat keatsferienings, dy't yn dy snoarje rûnom oprjochte waarden, ferneamd waarden nei âld PC-keningen: ek de nammen fan Jan Reitsma (Peinjum en Reduzum) en Jacob Klaver (Mantgum), tiidgenoaten fan Sjirk de Wal, klinke dêrom noch geregeld op de keatsfjilden.
Sjirk de Wal boaske 14 maaie 1879 mei Gooitske Popkes van der Vlugt. Hja krigen trije jonges en ien famke. Sjirk de Wal ferstoar op 9 septimber 1909 yn 'e âldens fan 57 jier yn Dútslân, dêr't er de lêste 10 jier fan syn libben wenne hat.
Prizen 1877 - PC 1e priis 1878 - PC 1e priis 1879 - PC 2e priis 1880 - PC 1e priis 1881 - PC 1e priis 1883 - PC 1e priis 1884 - PC 2e priis 1885 - PC 1e priis 1886 - PC 1e priis
Kategory:Frysk keatser Kategory:PC kening Kategory:Dútsk persoan fan Frysk komôf Kategory:Persoan berne yn Jelsum Kategory:Dronryp Kategory:Persoan berne yn 1852 Kategory:Persoan stoarn yn 1909