Diever (Drintsk: Dever) is in plak yn 'e gemeente Westerfjild. Yn 2026 hie it doarp 2.789 ynwenners. Diever is in toeristysk plak en simmerdeis komme der in protte toeristen op 'e Shakespeare-toanielstikken ôf.

Diever leit lykas Appelskea yn it gebiet fan it Drintsk-Fryske Wâld. It doarp leit noardwestlik fan Dwingeloo. By Diever hearre ek de buorskippen Kalteren en Oldendiever.

Skiednis Oant 1998 wie Diever in selstannige gemeente. Sûnt april 2009 stiet it doe krekt foltôge gemeentehûs fan 'e gemeente Westerfjild yn Diever. thumb|left|Hunebêd by Diever. Nei alle gedachten wennen der al 6000 jier lyn minsken op it gebiet fan it hjoeddeiske Diever. De boeren út de lette stientiid bouden tichteby it doarp in hunebêd dat der noch jimmeroan is.

Yn 'e iere midsiuwen waard it doarp Diever stifte. De âldst bekende fermelding fan Diever komt út 1181, doe't it doarp as Devere of Deveren beskreaun waard. Nei alle gedachten is de plaknamme ôflaat fan in wurd dat "djipte" of "leechte" betsjutte. Yn 'e midsiuwen wie Diever it haadplak fan it dingspil, dat likernôch it hiele gebiet fan Súdwest-Drinte omfieme.

It besjen wurdich thumb|left|Ien fan 'e monumintale pleatsen by Diever. Diever is in brinkdoarp mei oan 'e brink in âld Schultehûs, it hûs fan 'e rjochter fan 'e krite. Hjoed-de-dei is dêr it OERmuseum West-Drenthe. Fierder stiet yn it doarp de nôtmûne De Vlijt út 1882.

Trije kilometer noardwestlik fan Diever yn it natuergebiet Berkenheuvel leit in ûnderdûkershol út de Twadde Wrâldkriich. Oan 'e Groningerweg 3 leit hunebêd D52. Tichteby it hunebêd is in yn 1929 troch archeoloog prof. Albert Egges van Giffen opgroeven stienkisteheuvel.

De Sint-Pankratiustsjerke

Sintraal yn it doarp stiet op 'e brink de Sint-Pankratiustsjerke. Yn 'e 12e iuw waard de tsjerke as in romaanske tsjerke boud. De oan Sint-Pankratius wijde tsjerke waard yn 'e 14e en 15e iuw ferboud ta in goatyske tsjerke. Nei in brân yn 1759 is de tsjerke foar in grut part fernijd. De ferwulften binne healwei de 20e iuw by in restauraasje op 'e nij ynbrocht.

Eveneminten Diever is tige bekend troch it Shakespeareteäter dat sûnt 1946 simmerdeis yn it iepenloftteäter opfierd wurdt. It festival lûkt alle jierren tûzenen besikers út binnen- en bûtenlân en heart ta de bekendste kulturele eveneminten fan Drinte.

Dêrnjonken wurde yn Diever alle jierren ferskate merkdagen, muzyk- en kulturele manifestaasjes organisearre. Ek is der yn augustus de Dievermerke, in tradisjonele merke mei in kermis en oare aktiviteiten.

Keppelings om utens Diever op side gem. Westerveld Shakespeare Theater

Kategory:Plak yn Westerfjild Kategory:Eardere gemeente yn Drinte