Rutmer van der Meer (Lima, Perû, 7 febrewaris 1980) is in keatser dy't opgroeide yn Wergea. Hy wie sûnt 1999 opslagger yn de haadklasse fan de KNKB. Syn grutste suksessen wiene de winst op de PC's fan 2001 en 2005. Yn 1996 wûn Rutmer foar KV 't Oosten út Wergea de twadde priis op de Freule. De finale gie tsjin Minnertsgea ferlern mei alles oan 'e hang.

Hy formearre yn 2005 mei Chris en Jacob Wassenaar. Hoewol't Rutmer van der Meer de opslagger fan it partoer is, nimt hy yn dy formaasje faak de foarminst opslach foar syn rekken. Syn suksesfolste jier as klassemintskeatser is 2007, hy wie doe de winner fan it klassemint.

Prizen 1996 - Freule 2e priis 2000 - Jong Nederlân 4e priis 2001 - Jong Nederlân 6e priis 2001 - de Bond 6e priis 2002 - PC 1e priis 2003 - PC 3e priis 2004 - de Bond 2e priis 2005 - PC 1e priis 2006 - PC 2e priis 2008 - PC 3e priis 2011 - de Bond 4e priis 2012 - de Bond 1e priis 2006 - de Bond 6e priis 2008 - de Bond 1e priis

Kategory:Perûviaansk keatser Kategory:Frysk keatser Kategory:Perûviaansk persoan fan Spaansk komôf Kategory:Perûviaansk persoan fan Yndiaansk komôf Kategory:Frysk persoan fan Perûviaansk komôf Kategory:Frysk persoan fan Spaansk komôf Kategory:Frysk persoan fan Yndiaansk komôf Kategory:Persoan fan Ketsjûa-komôf Kategory:Wergea Kategory:Persoan berne yn 1980