De nettelkrûper (Sylvia atricapilla) is in moskeftige út de famylje fan 'e Sylviidae. It is in skou, wat ferhoalen libjend fûgeltsje dat syn oanwêzigens ferried troch it sjongen. Winterdeis lit er him út-en-troch op 'e foerplanke sjen.

Uterlik De fûgel is 13 oant 15 sintimeter lang en hat in spanwiidte fan 20 oant 23 sintimeter. Hy weaget 15 oant 22 gram. De nettelkrûper hat in opfallend mûtske, dat by it mantsje swart is en by it wyfke brún. Hy wurdt dêrom ek wol swartkop (= atricapilla) neamd. De kleur fan it fearrekleed is fierder griis: ûnder wat ljochter as boppe. De snaffel is griiseftich.

Fersprieding en systematyk De nettelkrûper komt foar yn it westlike paleärktysk gebiet en briedt fan Skandinaavje yn it noarden oant noardlik Afrika en fan 'e Britske eilannen yn it westen oant Sibearje yn it easten. Yn West- en Súd-Jeropa is it in stânfûgel, mar yn it noarden en easten fan Jeropa, en yn Sibearje is it in trekfûgel dy't oerwinteret yn westlik en súdlik Jeropa om 'e Middellânske See hinne, yn Noard-Afrika en yn tropysk Afrika.

De soarte telt fiif ûndersoarten:

S. a. gularis: Kaapverdje en de Azoaren. S. a. heineken: it westlike en súdlike Iberysk Skiereilân, Madeira, de Kanaryske Eilannen en noardwestlik Afrika. S. a. pauluccii: fan it eastlike Spanje oant sintraal en súdlik Itaalje, en it noardlike diel fan Noard-Afrika. S. a. atricapilla: fan it westlike Jeropa oant súdwestlik Sibearje en noardlik Kazachstan. S. a. dammholzi: fan eastlik Turkije oant noardlik Iran.

Nederlân De Nederlânske populaasje nettelkrûpers libbet foaral op it hegere diel fan it lân. Nei 1975 hat de fûgel ek iepen dielen fan West- en Noard-Nederlân kolonisearre. It oantal fûgels is yn it noarden en westen fan Nederlân tanommen. Dat hat foaral te krijen mei stedsútwreiding en mear beplanting, mar de grutste konsintraasjes fan 'e soarte binne noch jimmeroan yn it suden en easten fan it lân te finen. Yn Fryslân binne Gaasterlân en it súdeasten fan 'e provinsje de gebieten mei de heechste tichtens fan 'e fûgel. Yn Nederlân is de soarte in trekfûgel; de trek begjin healwei augustus oant ein oktober en se komme begjin april werom.

Biotoop thumb|left|200px|Aaien fan de Nettelkrûper De nettelkrûper komt foar yn mingde- en leafbosken tunen en parken mei hege beammen en strûken en yn bosken mei in soad ûndergroei. Hy briedt op hichtes oant 2000 meter en boud syn nêst leech yn tichte strûken. It nêst is komfoarmich en makke fan moas, gers en woartels. It wyfke leit yn 'e regel fiif aaikes, dy't tsien oant fyftjin dagen bebret wurde. De jonge fûgels bliuwe nei it útkommen tsien oan fjirtjin dagen yn it nêst. De âldste bekende nettelkrûper waard tsien jier en njoggen moannen âld. It iten bestiet út ynsekten en spinnen, mar yn 'e hjerst ek út beien.

Status De nettelkrûper hat in tige grut ferspriedingsgebiet en in grutte wrâldpopulaasje. Oannommen wurdt dat de oantallen tanimme en neffens in rûzing fan 2021 soe de folsleine populaasje út 93 oant 145 miljoen fûgels bestean. De nettelkrûper wurdt troch de IUCN op 'e Reade List as net bedrige beskôge.

Kategory:Fûgelsoarte Kategory:Nettelkrûper Kategory:Lânseigen fauna yn Abgaazje Kategory:Lânseigen fauna yn Albaanje Kategory:Lânseigen fauna yn Andorra Kategory:Lânseigen fauna yn Armeenje Kategory:Lânseigen fauna yn Azerbeidzjan Kategory:Lânseigen fauna yn de Azoaren Kategory:Lânseigen fauna yn Belgje Kategory:Lânseigen fauna yn Bosnje-Hertsegovina Kategory:Lânseigen fauna yn Bulgarije Kategory:Lânseigen fauna yn Denemark Kategory:Lânseigen fauna yn Dútslân Kategory:Lânseigen fauna yn Eastenryk Kategory:Lânseigen fauna yn Estlân Kategory:Lânseigen fauna yn Fatikaanstêd Kategory:Lânseigen fauna yn Finlân Kategory:Lânseigen fauna yn Frankryk Kategory:Lânseigen fauna yn Fryslân Kategory:Lânseigen fauna yn Georgje Kategory:Lânseigen fauna yn Gibraltar Kategory:Lânseigen fauna yn Grikelân Kategory:Lânseigen fauna yn Guernsey Kategory:Lânseigen fauna yn Hongarije Kategory:Lânseigen fauna yn Ierlân Kategory:Lânseigen fauna yn Ingelân Kategory:Lânseigen fauna yn Itaalje Kategory:Lânseigen fauna yn Jeropeesk Ruslân Kategory:Lânseigen fauna yn Jersey Kategory:Lânseigen fauna yn de Kanaryske Eilannen Kategory:Lânseigen fauna yn Kazachstan Kategory:Lânseigen fauna yn Kosovo Kategory:Lânseigen fauna yn Kroaasje Kategory:Lânseigen fauna yn Letlân Kategory:Lânseigen fauna yn Lychtenstein Kategory:Lânseigen fauna yn Litouwen Kategory:Lânseigen fauna yn Lúksemboarch (lân) Kategory:Lânseigen fauna yn Madeara Kategory:Lânseigen fauna yn Malta Kategory:Lânseigen fauna yn Man Kategory:Lânseigen fauna yn Noard-Masedoanje Kategory:Lânseigen fauna yn Moldaavje Kategory:Lânseigen fauna yn Monako Kategory:Lânseigen fauna yn Montenegro Kategory:Lânseigen fauna yn Nederlân Kategory:Lânseigen fauna yn Noard-Ierlân Kategory:Lânseigen fauna yn Noarwegen Kategory:Lânseigen fauna yn de Oekraïne Kategory:Lânseigen fauna yn Poalen Kategory:Lânseigen fauna yn Portegal Kategory:Lânseigen fauna yn Roemeenje Kategory:Lânseigen fauna yn San Marino Kategory:Lânseigen fauna yn Servje Kategory:Lânseigen fauna yn Sibearje Kategory:Lânseigen fauna yn Skotlân Kategory:Lânseigen fauna yn Sloveenje Kategory:Lânseigen fauna yn Slowakije Kategory:Lânseigen fauna yn Spanje Kategory:Lânseigen fauna yn Súd-Osseesje Kategory:Lânseigen fauna yn Sweden Kategory:Lânseigen fauna yn Switserlân Kategory:Lânseigen fauna yn Syprus Kategory:Lânseigen fauna yn Tsjechje Kategory:Lânseigen fauna yn Turkije Kategory:Lânseigen fauna yn Wales Kategory:Lânseigen fauna yn Wyt-Ruslân Kategory:Lânseigen fauna yn Iran Kategory:Lânseigen fauna yn Israel Kategory:Lânseigen fauna yn Palestina Kategory:Lânseigen fauna yn Sina Kategory:Lânseigen fauna yn Algerije Kategory:Lânseigen fauna yn Benyn Kategory:Lânseigen fauna yn Boerkina Faso Kategory:Lânseigen fauna yn Dzjibûty Kategory:Lânseigen fauna yn Egypte Kategory:Lânseigen fauna yn Eritreä Kategory:Lânseigen fauna yn Etioopje Kategory:Lânseigen fauna yn Gambia Kategory:Lânseigen fauna yn Gana Kategory:Lânseigen fauna yn Guinee Kategory:Lânseigen fauna yn Guinee-Bissau Kategory:Lânseigen fauna yn Ivoarkust Kategory:Lânseigen fauna yn Kaapverdje Kategory:Lânseigen fauna yn Kameroen Kategory:Lânseigen fauna yn Kenia Kategory:Lânseigen fauna yn Libearia Kategory:Lânseigen fauna yn Lybje Kategory:Lânseigen fauna yn Maly Kategory:Lânseigen fauna yn Marokko Kategory:Lânseigen fauna yn Mauretaanje Kategory:Lânseigen fauna yn Nigearia Kategory:Lânseigen fauna yn Niger Kategory:Lânseigen fauna yn Rûanda Kategory:Lânseigen fauna yn Sao Tomee en Prinsipe Kategory:Lânseigen fauna yn Senegal Kategory:Lânseigen fauna yn Sierra Leöane Kategory:Lânseigen fauna yn Sûdan Kategory:Lânseigen fauna yn Tanzania Kategory:Lânseigen fauna yn Togo Kategory:Lânseigen fauna yn Tuneezje Kategory:Lânseigen fauna yn Uganda Kategory:Lânseigen fauna yn de Westlike Sahara