Albert Rinia (Makkum, 18 maart 1931 - dêre, 1 april 2005) wie in keatser mei as bynamme "Proppie", dy't twa kear de PC wûn hat. De earste klassiker wûn Albert Rinia yn ôfdielingsferbân foar Makkum. Yn 1954 wûn hy mei Rinnie Kuiper en Durk Lemstra de Bûnspartij yn Frjentsjer. Winner fan de PC waard Rinia yn 1957 mei kening Jan Sijtsma en Sake Faber. Twa jier letter opnij earste, diskear mei doarpsgenoat en kening Rinnie Kuiper en Meindert van der Weerd. Hy wie fan 1951 oant 1963 1e klasser. Op it heechste nivo sloech Rinia, dy't foarynse wie, yn 13 jier tiid 203 punten byinoar.

Nei syn aktive keatskarriêre makke ferver Albert Rinia him tweintich jier fertsjinstlik as bestjoerslid fan de keatsferiening yn Makkum en as begelieder fan de Makkumer keatsjongerein: benammen syn 4 soannen, wêrfan't Peter de súksesfolste keatser wie, koenen op syn stipe rekkenje.

Albert Rinia ferstoar op 1 april 2005, yn 'e âldens fan 74 jier.

Prizen 1951 - de Bond 7e Priis 1952 - de Bond 3e Priis 1954 - de Bond 1e Priis 1956 - de Bond 3e Priis 1957 - de Bond 4e Priis 1957 - PC 1e Priis 1958 - PC 2e Priis 1959 - de Bond 3e Priis 1959 - PC 1e Priis 1960 - de Bond 4e Priis 1961 - de Bond 3e Priis 1961 - PC 3e Priis 1962 - de Bond 2e Priis 1963 - de Bond 7e Priis 1964 - de Bond 7e Priis

Kategory:Frysk keatser Kategory:Frysk keatstrainer Kategory:Frysk sportbestjoerder Kategory:Frysk ferver Kategory:Persoan berne yn Makkum Kategory:Persoan stoarn yn Makkum Kategory:Persoan berne yn 1931 Kategory:Persoan stoarn yn 2005