De swarte swan (Cygnus atratus) is ien fan de 7 swannesoarten út de famylje fan de Anatidae, dêr't ek de guozzen en einen ta hearre.

Fersprieding De fûgel komt foar yn Austraalje en sûnt koart is er ek wer mei sukses yntrodusearre yn Nij-Seelân, dêr't in ûndersoart, de Nij-Seelânske swan troch de jacht útstoarn wie. Op oare kontininten wurdt de Swarte swan faak hâlden as parkfûgel. Untkommen eksimplaren hawwe der foar soarge dat der ek yn Europa en Amearika hjir en dêr lytse populaasjes ûntstien binne, dy't har yn mylde klimaten goed hanthavenje.

Uterlik In folwoeksen eksimplaar fan de Swarte swan kin oant sa'n 9 kilo swier wurde. Behalve it folslein swarte fearrekleed mei brúneftige aksinten, falt de fel reade snaffel mei in wyt puntsje op. De poaten binne griis.

Fuortplanting Swarte swannen binne honkfêst en bouwe har libben lang oan it selde nêst yn ûndjip wetter. It kinne dan ek mânske bouwurken wurde. De jongen binne ynearsten brúneftich griis.

Kategory:Fûgelsoarte Kategory:Swan Kategory:Lânseigen fauna yn Austraalje Kategory:Eksoat yn de Chathameilannen Kategory:Eksoat yn Ingelân Kategory:Eksoat yn Japan Kategory:Eksoat yn Nij-Seelân Kategory:Eksoat yn Nederlân Kategory:Eksoat yn Belgje Kategory:Eksoat yn Itaalje