De Sileenske ljip of Súdamerikaanske ljip (Vanellus chilensis) is in waadfûgel, dy't yn hiel Súd-Amearika foarkomt, útsein yn de Andes en it Amazônegebiet.

Biotoop Dizze ljip hat in foarkar foar iepen gerslân en hat dan ek profitearre fan it útwreidzjen fan syn biotoop trochdat der yn dy kontreien hieltyd mear fee hâlden wurdt. Sûnt 1961 komt de fûgel ek foar op Trinidad en sûnt 1974 op Tobago.

Lykas de noardlike ljip, briedt de Sileenske ljip yn in simpel nêst, almeast op greide mar ek wol op farsk omploege lân. Wat fleankeunst en de wize fan it ferdriuwen fan rôvers oanbelanget liket er ek in soad op syn noardlik famyljelid.

Bûten de briedtiid lûkt de Sileenske ljip nei wiete gebieten dêr't nachts yn grutte kloften om fretten, meast ynsekten, socht wurdt.

Uterlik De Sileenske ljip is sa'n 31 oant 33 sm lang en waget ûngefear 295 gram. De boppekant is meast brún-griis mei in brûnzen glâns op de skouders. De grize kop falt noch it measte op mei in swarte foarholle en in swarte kiel dy't oergiet yn it ek swarte boarst. It swart wurdt begrinze troch in wite streek. De rest fan de ûnderkant is wyt, de sturt is wer swart. De eachring, poaten en snaffel binne meast roaseftich.

Geografysk komme nochal grutte ferskillen yn de tekening foar.

Ferwizing Side mei fideo-opnamen fan de Sileenske ljip.

Kategory:Fûgelsoarte Kategory:Ljip Kategory:Lânseigen fauna yn Argentynje Kategory:Lânseigen fauna yn Arûba Kategory:Lânseigen fauna yn Bolivia Kategory:Lânseigen fauna yn Bonêre Kategory:Lânseigen fauna yn Brazylje Kategory:Lânseigen fauna yn Ekwador Kategory:Lânseigen fauna yn Fenezuëla Kategory:Lânseigen fauna yn Frânsk-Guyana Kategory:Lânseigen fauna yn Guyana Kategory:Lânseigen fauna yn Kolombia Kategory:Lânseigen fauna yn Kurasau Kategory:Lânseigen fauna yn Oerûguay Kategory:Lânseigen fauna yn Panama Kategory:Lânseigen fauna yn Paraguay Kategory:Lânseigen fauna yn Perû Kategory:Lânseigen fauna yn Sily Kategory:Lânseigen fauna yn Suriname Kategory:Lânseigen fauna yn Trinidad en Tobago