Easternijtsjerk (pleatslik ek: Nijtsjerk of Oasternijtsjerk) is in doarp yn de gemeente Noardeast-Fryslân. Easternijtsjerk leit noardlik fan Nijewier, eastlik fan Ternaard, súdlik fan Nes, súdwestlik fan Peazens-Moddergat, westlik fan Moarre en Ljussens en noardwestlik fan Mitselwier.
De buorskippen Berchhuzen, Bollingwier en Langgrou hearre ek by Easternijtsjerk.
Easternijtsjerk hat ()https://opendata.cbs.nl/statline ynwenners.
Skiednis De ûntsteansskiednis Easternijtsjerk hat gjin terp. It is fanâlds in lintdoarp. Dat soe der op wize kinne dat it doarp earst yn de 11e iuw ûntstien is. Doe wiene der diken lein om fan de oerstreamings ôf te wêzen. By dat bedykjen wiene foaral de kleasters belutsen. Sa is it ek te ferklearjen dat hast alle grûn yn Easternijtsjerk kleastergrûn wie. Alle wichtige kleasters hienen yn Easternijtsjerk besit. Der wie mar ien pleats dy't net fan in kleaster wie.
It measte besit wie yn hannen fan de norbertinen. De kleasters bebuorken har grûn, as it mar heal koe, sels. It sprekt dan ek fansels dat der in úthôf wie en dat de tsjerke ek betsjinne waard troch de norbertinen.
Der is net sa folle bekend oer it ûntstean fan Easternijtsjerk. De earste boarne dêr't it doarp yn neamd wurdt, is út 1224 Nova Ecclesia. Yn 1500 waard it fernijd as nija tzercka, yn 1660 as Nieukerk, yn 1664 as Nijkerck en yn 1786 as Nieuwkerk of Ooster Nykerk. Yn de 20e iuw wie de offisjele namme in skoft Nijkerk, mar letter waard it dochs wer Oosternijkerk.
Sûnt 2019 leit Easternijtsjerk yn de gemeente Noardeast-Fryslân, dêrfoar lei it yn de gemeente Dongeradiel en foar 1984 lei it doarp yn sawol de gritenij as de gemeente East-Dongeradiel.
De Sesiliatsjerke thumb|left|Sint-Sesiliatsjerke
De toer is út de 13e iuw. It is in swiere bakstiennen toer mei in sealdak. Under it sealdak binne der nissen oanbrocht. Fan de tsjerke sels is it koar it âldste; it soe ek 13e-iuwsk en in oerbliuwsel wêze kinne fan in eardere kleasterkapel. Yn de 16e iuw is it letgoatyske skip yn twa fasen boud. Yn de tsjerke is aardich rokokomeubilêr te finen.
It oargel is yn 1814 boud troch J.A. Hillebrand, in oargelbouwer dy't út Dútslân kaam. Hy hat ek oargels foar de tsjerken fan Drachten, Feanhuzen, Marrum, Nijewier, Raerd en Sutfen boud.Orgelsite, oproppen 19.09.2020
De klok is opnij getten yn 1909 fan de âlde út 1668 dy't makke wie troch Jurjen Balthasar út Ljouwert.
De grifformearde tsjerke
Oan de Langgrousterwei stiet de eardere grifformearde tsjerke út 1890. Ek Easternijtsjerk is doedestiids net ûntkommen oan it spjalt dat yn dy tiid troch de tsjerke gien is, de Doleânsje. Yn 2006 kamen de herfoarme gemeente en grifformearde tsjerke wer by inoar troch de fúzje en foarming fan de protestanske gemeente fan Easternijtsjerk. Simmer 2020 waard de tsjerke troch dy gemeente ôfstjitten út reden fan ferminderjende tsjerkegong.
Doetiids
Mienskip thumb|260px|Donia Sathe It doarpshûs fan Easternijtsjerk hjit 'De Terp'. Yn 2022 is útein set mei de bou fan in nij doarpshûs.RTV Noardeast Fryslân Der is in feriening foar Doarpsbelang mei in aktiviteitenkommisje. De 'Doarpsskille' is it nijsbledsje fan Easternijtsjerk.
Tsjerke Protestantske gemeente >asternijtsjerk (webstee)
Skoalle thumb|260px|De Wrâldwizer Yn it doarp waard yn 2022 de nije kristlike basisskoalle 'De Wrâldwizer' iepene. Ek bern út Nes, Nijewier en Wetsens geane nei dy skoalle. Njonken in skoalle is der ek romte foar berneopfang, de GGD, in bibleteek en muzyksintrum Opus 3.Omrop Fryslân, 3 maaie 2022
Ferienings thumb|260px|Eardere grifformearde tsjerke Der binne in soad buertferienings: Ald Tún, Bollingwier, Buorfinne, Buorren I en II, Doktersfiif, Foeke Sjoerdsstrjitte, Grienewei, Langgrousterwei, de Terp, Lou Sânen, de Lyts Ein, Mûnewei, Nijbuorren en Ropsterwei. SSS - gymnastyk Fuotbalferiening Ropta Boys Brassband UDI Easternijtsjerk De Lêste slach - keatsen Nocht en wille - klaverjasssen Iisferiening 't Terpke - darten MK Waadrinners de Bûnte Flinters - toaniel thumb|260px|Kategisaasjelokaal It Koetshûs Befolkingsferrin Jier 1954 1959 1964 1969 1973 2004 2013 2014 2015 Ynwenners 1104 1022 922 896 825 910 948 953 940 Jier 2016 2017 2018 2019 2020 2021 2022 Ynwenners 935 940 930 955 945 940 930
Berne Willem van der Woude (1876-1974), wiskundige en heechlearaar. Binne Roorda (1898–1945), teolooch en fersetsstrider. Freerk Postmus (1921-1944), bouboer en fersetsstrider Dirk Torensma (1899–1992), boargemaster. Johannes Tilkema (1916–1992), politikus. Froukje Annema-Noordenbos (Easternijtsjerk 1941 - Rottefalle 1998), Frysk skriuwster. Anders Rozendal (1946-), Frysk skriuwer.
Ynfrastruktuer
Provinsjale Wei By Easternijtsjerk rint de N358.
Bustsjinst Troch Easternijstjerk rint de folgjende busline:
Line 52: Dokkum - Peazens
De busline troch Easternijtsjerk wurdt fersoarge troch Qbuzz.
thumb|260px|Earder kafee op 'e Boatehoeke
Strjitten De doarpskearn fan it doarp leit benammen oan de De Buorren, Griene Wei, Ald Tún en de Mûnewei. In nijbouwyk yn Easternijtsjerk út de jierren 1960 en 1970 krige de namme Doktersfiif. Dat wie de greide foar it hynder fan ûnder oare dokter Ferhman, dy't dêr flak foar oer wenne. De lêste nijbou hat súdlik fan it doarp mei plan 'Lou Sânen' plakfûn. thumb|260px|De Buorren 't Oogh Ald Each Ald Tún Bartenswei Berchhuzen Bollingwier - buorskip Bollingwier De Buorfinne De Buorren De Fiver De Lyts Ein De Terp Doktersfiif Foeke Sjoerdsstrjitte - skoalmaster en doarpsrjochter Foeke Sjoerds Grienewei Grytsjewei Langgrousterwei - nei it buorskip Langgrou Lou Sânen Mûnewei Nijbuorren Ropsterwei - de dyk nei Ropta Sjoarda
Publikaasje "In doarp yn 'e Noardeasthoeke : Easternijtsjerk tusken 1740 en 1940" (Ljouwert : Fryske Akademy. ISBN 90-6171-818-X, 1995).
Ferskaat Op it doarpswapen, dat ôflaat is fan it wapen fan Nes steane in wynhûn en roazen. Se komme fan de famylje Sjoorda. De oargelpiip is ûntliend oan in eardere tsjerkepatroan, de hillige Sesilia dy't in oargel as attribút hat en patroanhillige is fan de tsjerkemuzyk. Oan de súdeastrâne fan it doarp stiet in Amerikaanske wynmotor.
Sjoch ek Fryske doarpen.
Keppeling om utens Webstee Easternijtsjerk
Kategory:Doarp of stêd yn Noardeast-Fryslân Kategory:Doarp of stêd yn Dongeradiel Kategory:Doarp of stêd yn East-Dongeradiel