De Bernlefpriis is in Fryske kultuerpriis dy't nei fêststelling yn 1999 om de trije jier útrikt wurdt troch de provinsje Fryslân. Mei de Bernlefpris drukt de provinsje har wurdearring út foar artysten dy't in bysûndere bydrage leverje oan de Fryske (muzyk)kultuer. Dêrneist lit de provinsje sjen dat myzyk, neist literatuer,toaniel en foarmjouwing fan grutte betsjutting is foar de Fryske kultuer. De Bernlefpriis is bedoeld foar Frysktalige, fokale muzyk yn alle sjenres, foar in wurk en foar it hiele oeuvre fan in sjonger, groep en/of it wurk fan in komponist, arranzjeur en tekstdichter. De Bernlef-priis wurdt om bar útrikt foar lichte muzyk en foar earnstige, klassike muzyk. De priis bestie yn 2010 út in bedrach fan € 2000 en in oarkonde. Bernlef Bernlef wie in bline skiedfertolker, dy't ± 790 libbe. Der is net folle oer him bekend, mar hat wol betsjutting hân foar de Nederlânske- en Fryske kultuerskiednis. Hy soe sels de auteur wêze kinne fan in midsiuwske evangelyske boek Heliand.
Winners 2020 - band It Dockumer Lokaeltsje (gitarist Sytse van Essen en sjonger/bassist Peter Sijbenga) Peter Sijbenga - Bernlefpriis 2020 2019 - Wiebe Band WIEBE wint Bernlefpriis 2019 (20-12-2019) op: Fryslân.frl 2018 - Kjeld Fryske blackmetalband Kjeld wint Bernlefpriis 2018 It Nijs, 18 desimber 2018 2017 - Zea (band fan Arnold de Boer) ZEA wint de Bernlefpriis 2017 yn: It Nijs, 17 desimber 2017 2016 - Liet Frysk Songfestival Liet wint Bernlefprijs 2016 Omrop Fryslân, 9 desimber 2016 2015 - Noardewyn live Omrop Fryslân, 13 desimber 2015 2014 - Emiel Stoffers Zanger Hûnekop wint 1.500 euro met Bernlefprijs'', Nieuwe Dockumer Courant, 21 desimeber 2014 2010 - Piter Wilkens 2005 - Henk Alkema 2002 - Reboelje
Oare Fryske kultuerprizen Fedde Schurerpriis Gysbert Japicxpriis Joast Halbertsmapriis Obe Postmapriis Pyt van der Zee-priis Fedde Schurer-publykspriis
Kategory:Fryske muzykpriis Kategory:Popmuzykpriis Kategory:Priis of ûnderskieding ynsteld yn 1999