Jeugdteaterskoalle Miuw is in skoalle oan de Oostersingel yn Ljouwert foar jeugd fan 12 - 18 jier. De teaterskoalle bestiet sûnt 2003, de spesjale berneklas foar bern fan basisskoallen sûnt 2009. Lessen en wurkshops wurde jûn op it mêd fan toanielspylje, stim, sang dûns en beweging. Der wurdt begûn yn in basisklasse en duorret trije jier of langer.
It brûken fan de ferbylding en fantasij en it ûntwikkeljen fan doaren en selsbetrouwen stiet foarop. In pear kear per seizoen is der in iepen poadium foar learlingen. Koartere kursussen wurde jûn by ferskillende sintra foar de keunsten yn Fryslân. Der binne foarstellings fan twa persoanen, mar ek wol fan tweintich. De produksjes wurde spile yn teaters of op lokaasje, mar ek op strjitte en op festivals.
Prizen 2005 - Teaterpriis Theater4daagse foar Adriaan Mol 13 3⁄4 jaar 2001 - Fryske kultuerpriis Pyt van der Zee-priis foar de Jeugdteaterskoalle 1997 - Publykspriis lanlik festival amateurteater foar: Schön ist die Jugend 1997 - CVB teaterpriis foar: Schön ist die Jugend 1996 - Jan Jans Starterpriis, kultuerpris fan de Gemeente Ljouwert foar de Jeugdteäterskoalle
Foarstellings 2010 Agatha 9203 KP 2009 De Sulveren Bal Fast Forward Oorlog Werther 2008 Storia d'Amore Luim Trouble with the table 2007 You took the part Snatervogel Metamorfosen 2006 Buut Helden No dirt today 2005 Goulash 2004 Chinezen Adriaan Mol 2003 De Lêste Brief Radio Hortensia
Keppeling om utens Fryslân DOK: 'Fan boartsjen nei spyljen - 25 jier Jeugdteaterskoalle'
Kategory:Frysk toanielselskip Kategory:Frysk toaniel Kategory:Organisaasje yn Ljouwert Kategory:Skoalle yn Ljouwert Kategory:Skoalle yn Fryslân Kategory:Organisaasje oprjochte yn 2003