De iisfink (Calcarius lapponicus) is in fûgelsoarte út de famylje iisfinkfûgels (Calcariidae) dy't yn tûndragebieten briedt en nei it suden lûkt om yn mylder klimaat te oerwinterjen. Dizze fûgel komt foar fan Skandinaavje oant de Beringstrjitte, Kanada en Grienlân.
Skaaimerken De iisfink wurdt sa'n 16 sm. lang en weaget 19-20 gram. It mantsje hat yn it briedkleed in giele snaffel, in swart gesicht, in brede wite mei giele wynbraustreek en in opfallende kastanjebrune nekke. Wyfkes en mantsjes bûten de briedtiid hawwe minder sprekkende kleuren.
Fersprieding De iisfink komt foar yn rotsige tûndragebieten en briedt fan Skandinaavje oant de Beringstrjitte, Kanada en Grienlân. Se oerwinterje yn 'e steppes en ikkers fan 'e Oekraïne en Sibearje.
Der wurde fiif ûndersoarten erkend:
C. l. subcalcaratus: noardlik Kanada en Grienlân. C. l. lapponicus: noardlik Jeropa en noardlik Aazje. C. l. kamtschaticus: noardeastlik Sibearje. C. l. alascensis: it meast eastlike Sibearje, Alaska en noardwestlik Kanada. C. l. coloratus: de Komandorski-eilannen.
Nederlân thumb |left|Foerazjearjende iisfink Iisfinken dy't winterdeis yn Nederlân tahâlde binne ôfkomstich út Noard-Jeropa of Grienlân. De fûgel komt yn 'e regel yn lytse oantallen foar en wurdt it meast sjoen as se yn 'e hjerst migrearje. De trek begjint fan healwei septimber oant healwei novimber. Der binne jierren dat de fûgel ynienen yn gruttere oantallen oanwêzich is, lykas yn 2010. Se binne fral sterk oan 'e kust bûn en de measte fûgels binne oan 'e Frysk-Grinslânske waadkust te sjen as se op kwelders en ikkers foerazjearje.
Hâlden en dragen thumb|left|Aaien fan 'e iisfink It lechsel fan 'e iisfink bestiet út 4 oant 6 readspikkele, griene aaien yn in kûltsje op 'e grûn, faak by wat begroeiïng. De aaien wurde yn 11 oant 13 dagen troch it wyfke útbret wurde. De jonge fûgels kinne nei 13 oant 15 dagen nei it útkommen fan 'e aaien fleane.
Yn it briedseizoen yt de fûgel benammen miggen, larven, krobben, spinnen en wjirms. Winterdeis bestiet it dieet út sied fan nôt, gers en oare plantesoarten.
Status De wrâldpopulaasje waard yn 2010 rûsd op 119.000.000 oant 140.000.000 folwoeksen fûgels. Oannommen wurdt dat de oantallen tebekrinne. De iisfink hat op 'e Reade List fan 'e IUCN de status fan net bedrige (Least Concern).
Kategory:Fûgelsoarte Kategory:Iisfink Kategory:Lânseigen fauna yn Alaska Kategory:Lânseigen fauna yn de Feriene Steaten Kategory:Lânseigen fauna yn de Oekraïne Kategory:Lânseigen fauna yn Denemark Kategory:Lânseigen fauna yn Dútslân Kategory:Lânseigen fauna yn Finlân Kategory:Lânseigen fauna yn Frankryk Kategory:Lânseigen fauna yn Fryslân Kategory:Lânseigen fauna yn Grienlân Kategory:Lânseigen fauna yn Guernsey Kategory:Lânseigen fauna yn Ingelân Kategory:Lânseigen fauna yn Jeropeesk Ruslân Kategory:Lânseigen fauna yn Jersey Kategory:Lânseigen fauna yn Kanada Kategory:Lânseigen fauna yn Kazachstan Kategory:Lânseigen fauna yn Mongoalje Kategory:Lânseigen fauna yn Nederlân Kategory:Lânseigen fauna yn Noard-Koreä Kategory:Lânseigen fauna yn Noarwegen Kategory:Lânseigen fauna yn Sibearje Kategory:Lânseigen fauna yn Sina Kategory:Lânseigen fauna yn Skotlân Kategory:Lânseigen fauna yn Súd-Koreä Kategory:Lânseigen fauna yn Sweden