De Fedde Schurer-publykspriis wie in kultuerpriis fan de provinsje Fryslân. De literatuerpriis bestie út in bedrach fant € 2.000,- en in oarkonde. Hy waard útrikt foar debuten yn alle sjenres yn it Frysk, sawol foar it earste wurk fan in auteur as foar it earste wurk fan in al publisearjend auteur yn in foar him/har nij sjenre. De priiswinner waard troch it lêzend publyk oanwiisd. De publykspriis waard tagelyk mei de Fedde Schurerpriis útrikt op it Provinsjehûs en wie neamd nei Fryske skriuwer Fedde Schurer.

Yn 2012 is de priis opheven en sûnt 2014 hat de Douwe Tammingapriis de funksje van debútpriis oernommen.

Winners 2012 - Elske Kampen 2008 - Simon Oosting 2005 - Ruurdtsje de Haan

Kategory:Fryske literatuerpriis Kategory:Priis of ûnderskieding ynsteld yn 2005 Kategory:Priis of ûnderskieding opheft yn 2012 Kategory:Fedde Schurer