De Oanfal op Pearl Harbor wie in ferrassingsoanfal troch bommesmiters en jachtfleantugen fan 'e Keizerlike Japanske Marine, dy't yn 'e iere moarn fan 7 desimber 1941 útfierd waard op it Marinestasjon Pearl Harbor en oare Amerikaanske militêre doelen op it eilân Oähû, yn it Territoarium Hawaï. De oanfal, dy't troch de Japanners oantsjut waard as de Hawaï-operaasje, Operaasje AI en Operaasje Z, wie bedoeld as in previntive aksje om foar te kommen dat de Amerikaanske Pasifyske Float him bemuoie koe mei de plande Japanske ynvaazje fan 'e oerseeske gebietsdielen fan it Feriene Keninkryk, Nederlân en de Feriene Steaten yn Súdeast-Aazje.
De oanfal waard útfierd troch 353 Japanske fleantugen fan 6 fleandekskippen, dy't fan 7.48 oere pleatslike tiid ôf yn twa weagen Oähû oer it mad kamen. Fan 'e acht oanwêzige Amerikaanske slachskippen waarden fjouwer ta sinken brocht, wylst de oare fjouwer slimme skea oprûnen. Trije krusers, trije torpedoboatjagers en fiif oare skippen waarden ek ta sinken brocht of slim skansearre. Fan 'e 402 Amerikaanske militêre fleantugen op Oähû waarden 188 ferneatige en rekken 159 skansearre. Der foelen by it bombardemint oan 'e Amerikaanske kant 2.403 deaden. De folgjende sân oeren fierden de Japanners koördinearre oanfallen út op Amerikaanske doelen yn 'e Filipinen, Gûam en Wake en op Britske doelen yn Malakka, Singapoer en Hongkong.
It resultaat fan 'e Oanfal op Pearl Harbor wie dat de Amerikaanske Pasifyske Float tydlik fierhinne útskeakele wie, hoewol't de Japanners de trije Amerikaanske fleandekskippen, dy't op it momint fan it bombardemint net yn 'e haven oanwêzich wiene, mist hiene. De oanfal, dy't kaam sûnder dat Japan en de Feriene Steaten yn steat fan oarloch ferkearden, waard yn 'e Feriene Steaten sjoen as in ferriedlike skandedie. Op 8 desimber hold presidint Franklin D. Roosevelt foar de radio syn ferneamde Day of Infamy-taspraak en furdige it Amerikaanske Kongres in oarlochsferklearring tsjin Japan út. Op 11 desimber ferklearren de bûnsgenoaten fan Japan, nazy-Dútslân en faksistysk Itaalje, de oarloch oan 'e Feriene Steaten. De Oanfal op Pearl Harbor wie sadwaande ien fan 'e wichtichste kearpunten yn 'e skiednis fan 'e tweintichste iuw, om't it de dielname fan 'e Feriene Steaten oan 'e Twadde Wrâldoarloch bewissige. Nei de oarloch soe it bombardemint by de Prosessen fan Tokio oanmurken wurde foar in oarlochsmisdie.
Foarskiednis In oarloch tusken Japan en de Feriene Steaten wie al sûnt de 1920-er jierren in mooglikheid dêr't beide lannen rekken mei holden en foar de wissichheid plannen foar makken, mar de spannings boazen pas earnstich oan nei de Japanske ynfal yn Mantsjoerije yn 1931. De dêropfolgjende tsien jier sette Japan syn terrtoriale ekspânje yn it neidiel fan Sina fuort, wat yn 1937 late ta it útbrekken fan 'e Twadde Sineesk-Japanske Oarloch. Alle fierdere swierrichheden binne winliken werom te fieren op 'e Japanske winsk om 'e ferovering fan Sina te fasilitearjen. It lân spandearre in protte jild en muoite om Sina diplomatyk te isolearjen en om sels genôch natuerlike helpboarnen (benammen ierdoalje) te besetten om 'e definitive oerwinning op 'e Sinezen mooglik te meitsjen. De saneamde 'Súdlike Operaasje', yn 'e rjochting fan 'e rike ierdoaljefjilden fan Súdeast-Aazje kaam dêr streekrjocht út fuort. Mei oare wurden: sûnder de ferovering fan 'e Britske en Nederlânske koloanjes yn Súdeast-Aazje koe Japan de ferovering fan Sina net foltôgje.
Fan desimber 1937 ôf soargen foarfallen as de Japanske oanfal op 'e USS Panay, it Allison-ynsidint en it Bloedbad fan Nanking (in genosidaal barren wêrby't Japanske troepen mear as 200.000 Sineeske boargers ombrochten) foar in oanboazjende anty-Japanske stimming yn 'e Feriene Steaten en oare Westerske lannen. Om 'e Japanske ekspânsje yn te daamjen, ferstrieken de Feriene Steaten, it Feriene Keninkryk en Frankryk lienings oan Sina om oarlochsfoarrieden yn te keapjen. Doe't nazy-Dútslân, in bûnsgenoat fan Japan, yn it foarjier fan 1940 yn 'e Slach om Frankryk dat lân wist te besetten, mei as gefolch dat it Frânske koloniale ryk ûnder it bestjoer fan it sloppe, kollaborearjende Vichy-rezjym kaam, fierde Japan in ynvaazje fan Frânsk-Yndo-Sina út, mei de bedoeling om 'e befoarrieding fan Sina te behinderjen. Dêrop leine de Feriene Steaten de eksport fan fleantugen, fleantúchûnderdielen, kerosine en beskate oare produkten nei Japan stil, wat troch Japan as in ûnfreonlike die opfetten waard. De eksport fan Amerikaanske ierdoalje nei Japan gie lykwols noch troch, om't Japan dêr bot fan ôfhinklik wie en de Amerikanen gjin skea oan 'e relaasje tusken de beide lannen tabringe woene dy't net te reparearjen wie.
Begjin 1941 ferhuze de Amerikaanske presidint Franklin D. Roosevelt de Amerikaanske Pasifyske Float fan San Diego, yn Kalifornje, nei it Marinestasjon Pearl Harbor, yn it Territoarium Hawaï. Teffens joech er befel ta de opbou fan 'e Amerikaanske striidkrêften yn 'e Filipinen (doedestiden in Amerikaanske koloanje), yn 'e hope om fierdere Japanske agresje yn Súdeast-Aazje ôf te skrikken. It Japanske opperbefel ynterpretearre dat by fersin as it boadskip dat in oanfal op 'e Britske koloanjes yn Súdeast-Aazje in Amerikaanske tsjinoanfal útlokje soe. Yn dy optyk wie it tabringen fan in ferpletterjende nederlaach oan 'e Amerikanen de iennichste manear om yn Súdeast-Aazje de hannen frij te hawwen en úteinlik de kâns te krijen om 'e ferovering fan Sina te foltôgjen. Foar de feilige oanfier fan ierdoalje út it suden waard boppedat de ferovering fan 'e Filipinen needsaaklik achte.
Doe't yn july 1941 de Japanske militêre besetting fan Frânsk-Yndo-Sina formalisearre waard troch in ferdrach mei Vichy-Frankryk, leine de Feriene Steaten it near op fierdere oalje-ekporten nei Japan. Dy beliedsferoaring wie lykwols teminsten foar de helte ynjûn troch nije Amerikaanske beheinings op binnenlânsk oaljeferbrûk. Japan fûn doe dat it gjin oare kar mear hie as de plannen om it oaljerike Nederlânsk-Ynje te feroverjen yn 'e praktyk te bringen. Doe't Roosevelt Japan op 17 augustus warskôge dat de Feriene Steaten ree wiene om militêr yn te gripen as Japan syn buorlannen oanfoel, hie Japan de kar tusken it farre litten fan 'e 'Súdlike Operaasje' mei as gefolch dat it troch oaljegebrek twongen wêze soe ta in weromlûking út Sina en al it gesichtsferlies dat dêrmei mank gie, of it útdielen fan in reuseftige klap oan 'e Amerikanen om dêrnei de plannen troch te setten.
By ûnderhannelings tusken de beide lannen yn 'e rin fan 1941 bea it Japanske regear ferskate kompromissen oan, mar de Amerikanen woene inkeld genoegen nimme mei in folsleine weromlûking út Sina, eat dat foar de Japanners ûnbesprekber wie. De nei fermoedsoening stribjende Japanske premier prins Fumimaro Konoye stelde in topmoeting mei Roosevelt foar, mar Roosevelt woe dêr pas oer prate nei't der in oerienkomst sletten wie. Joseph Grew, de Amerikaanske ambassadeur yn Japan, trune syn presidint oan om dochs mei de moeting yn te stimmen, om't it oars de ein fan it regear-Konoye betsjutte soe, mar Roosevelt hold foet by stik. Fan gefolgen kaam it regear-Konoye te fallen, wêrnei't yn Japan de oarlochspartij oan 'e macht kaam.
It lêste foarstel fan Japan, datearjend fan 20 novimber, hold yn dat Japan syn troepen út it súdlike part fan Frânsk-Yndo-Sina weromlûke soe en gjin fierdere ekspânsje yn Súdeast-Aazje ûndernimme soe salang't de Feriene Steaten, it Feriene Keninkryk en Nederlân gjin stipe mear jaan soene oan Sina en harren sanksjes tsjin Japan opheffe soene. De saneamde Notysje fan Hull, it Amerikaanske tsjinfoarstel fan 26 novimber (27 novimber Japanske tiid), hold yn dat Japan al syn troepen sûnder betingsten út Sina weromlûke soe en non-agresjepakten mei alle lannen yn Súdeast-Aazje en de Stille Súdsee slute soe. De deis foar't de Notysje fan Hull oan Japan oerdroegen waard, fear de Japanske float út om 'e Oanfal op Pearl Harbor út te fieren.
Japanske plannen De Japanners wiene al hiel ier yn 1941 plannen begûn te meitsjen foar in oanfal op Pearl Harbor, om 'e ynvaazje fan it 'Súdlik Helpboarnegebiet' (in oantsjutting foar Nederlânsk-Ynje, Britsk-Malakka en de Britske koloanjes op Borneo) mooglik te meitsjen. De planning stie ûnder lieding fan admiraal Isoroku Yamamoto, dy't doedestiden de kommandant fan 'e Japanske Kombinearre Float wie. Hy krige fan 'e generale stêf fan 'e Keizerlike Japanske Marine lykwols pas tastimming om ta training foar de oanfal oer te gean nei in protte trelit, wêrby't er sels mei ûntslach driigje moast.
Konkretisearring fan 'e plannen waard yn 'e maityd fan 1941 ûndernommen ûnder lieding fan skout-by-nacht Ryūnosuke Kusaka, mei assistinsje fan kaptein-op-see Minuru Genda en de stêfsjef fan Yamamoto, kaptein-op-see Kameto Kuroshima. Dyselden ûnderwurpen de Britske loftoanfal op 'e Italjaanske float yn 'e haven fan Taranto, yn 1940, oan yntinse bestudearring.
De folgjende moannen waarden bestege oan training fan 'e piloaten, oanpassing fan it materieel en sammeling fan ynformaasje. Keizer Hirohito joech lykwols pas op 5 novimber syn goedkarring oan it oanfalsplan. De úteinlike autorisearring waard troch de keizer ôfjûn op 1 desimber, nei't it regear fan Japan de Amerikaanske Notysje fan Hull ûntfongen hie. Dêrút konkludearre it Japanske regear nammentlik dat de Feriene Steaten mei neat minder tefredensteld wurde koene as it opjaan fan alle militêre winst dy't Japan yn 'e Twadde Sineesk-Japanske Oarloch boekt hie, wat de Japanske oerhearsking fan sawol Mantsjoerije as Koreä yn gefaar bringe soe.
Japanske ferwachtings Japan ferwachte dat de ferwoastging fan 'e Amerikaanske Pasifyske Float de tydlike útskeakeling fan 'e Amerikaanske militêre macht yn 'e Stille Oseaan feroarsaakje soe. Dat soe foarkomme dat de Amerikanen harren bemuoie koene mei de Japanske ferovering fan 'e Britske en Nederlânske koloanjes yn Súdeast-Aazje, dy't foar Japan fan fitaal belang wiene foar de brânstoffoarsjenning. Dêrnjonken ferwachte men dat de tydlike ferwidering fan 'e Feriene Steaten fan it slachfjild Japan de tiid jaan soe om syn posysje te konsolidearjen en de grutte en krêft fan syn marine út te wreidzjen foar't de skipsbou dy't yn 'e Feriene Steaten úteinset wie nei it oannimmen fan 'e Vinson-Walsh Act fan 1940 eltse kâns op it beheljen fan 'e oerwinning útwiskje soe. Boppedat hie men de hope dat in ferpletterjende nederlaach it Amerikaanske moreel yn sa'n mjitte ûndermynje soe, dat it Amerikaanske regear troch de publike opiny yn eigen lân twongen wêze soe om mei Japan te ûnderhanneljen en dêrby de easken falle te litten dy't stridich wiene mei de Japanske belangen.
Oan in ferrassingsoanfal op 'e Amerikaanske Pasifyske Float wylst dy yn Pearl Harbor foar anker lei, klibben ferskate neidielen dêr't de Japanske generale stêf him wakker bewust fan wie. Yn it foarste plak wie de lagune Pearl Harbor tige ûndjip, sadat it relatyf maklik wêze soe om sonken skippen wer boppe wetter te heljen en mooglik te reparearjen. Oard soe in grut diel fan 'e bemannings net oan board wêze, mar mei ferlof op 'e fêste wâl, sadat se by de oanfal net deade wurde koene, wylst bemanningsleden dy't wol oanwêzich wiene mar oerboard sprongen maklik út 'e haven opfiske wurde koene. Trêd wiene de Japanners twongen ta in timing foar harren oanfal dy't makke dat alle trije fleandekskippen fan 'e Amerikaanske Pasifyske Float (de USS Enterprise, de USS Lexington en de USS Saratoga) oan it bombardemint ûnkomme soene om't se op dat stuit op oefening of op patrûlje wiene.