Fryske kultuerprizen binne troch Provinsjale Steaten fan Fryslân as Oardering kultuerprizen en de wittenskipspriis fêststeld. It beslút kaam yn it plak fan de Regeling foar de prizen de Fryske literatuer en de wittenskip fan Fryslân oanbelangjend 1984. Alle prizen wurde om de trije jier takend, de Gysbert Japicxpriis om de twa jier. Gjin inkelde priis kin twa kear efterinoar oan deselde persoan, groep of organisaasje takend wurde. De Fedde Schurerpriis en de Fedde Schurer-publykspriis kinne wol oan deselde auteur takend wurde. Oersjoch fan Prizen Bernlefpriis - muzyk - alle jierren Fedde Schurerpriis - Fedde Schurer-publykspriis Gysbert Japicxpriis Joast Halbertsmapriis - wittenskip - 1x yn de 4 jier Obe Postmapriis - literatuer - 1x yn de 4 jier Pyt van der Zee-priis - toaniel - 1x yn de 3 jier
Oare Fryke prizen Duorsume jonge boer - lânboupriis, 1x yn de 2 jier Sulveren Skries - natoer, 1x yn de 2 jier Frysk diktee - Fryske taal - alle jierren Lyts Frysk diktee - Fryske taal - alle jierren Vredeman de Vriespriis - arsjitektuer, 1x yn de 2 jier Anita Andriesenpriis - romtlike kwaliteit, 1x yn de 3 jier Underwiispriis - ûnderwiis - 1 x yn de twa jier Oersjoch Fryske prizen Rink van der Veldepriis - proaza
Beskriuwing Fedde Schurerpriis De Fedde Schurerpriis is yn 1983 foar debuten yn de Fryske literatuer foar alle sjenres ynsteld. Sûnt wurdt de priis om ‘e trije jier takend, wêrby ’t it net útmakket oft it om proaza of poëzij giet. De priis bestiet út in bedrach fan € 2.000. Fedde Schurer-publykspriis grut € 2.000,- en in oarkonde, foar debuten yn alle sjenres yn it Frysk, sawol foar it earste wurk fan in auteur as foar it earste wurk fan in al publisearjend auteur yn in foar him/har nij sjenre; Gysbert Japicxpriis. Dizze belangrykste literêre priis foar alles sjenres is foar it earst yn 1947 takend. Oant 1953 waard de priis alle jierren takend, tusken 1953 en 1983 om ‘e twa jier, -om bar foar proaza en poëzij- en sûnt 1983 om ‘e trije jier wêrby ’t it ûnderskied tusken proaza en poëzij ferfoel. Sûnt 1999 wurdt de priis wer om de twa jier takend. De iene kear foar proaza, de oare kear foar poëzij en yn beide gefallen kin it ek om in oeuvrepriis gean. Sûnt syn ûntstean wurdt de priis yn ‘e bertestêd fan Gysbert Japicx, Boalsert, útrikt. It prizebedrach is op € 5.000 bepaald. Joast Halbertsmapriis De dr. Joast Halbertsmapriis is yn 1947 ynsteld. Tusken 1947 en 1983 waard de priis om ‘e twa jier takend, de iene kear foar wittenskipswurk, de oare kear foar wurk fan amateurs (sneupers). Fan 1983 ôf bart de takenning om ‘e trije jier en inkeld foar wittenskipswurk. It giet om de wittenskip fan Fryslân op it mêd fan skiednis, taal- en literatuerwittenskip en de sosjale wittenskippen, sawol foar ien wurk as foar it hiele oeuvre fan in auteur. De priis wurdt altyd yn Grou, it berteplak fan Joast Halbertsma, útrikt. It prizebedrach is € 4.000. Obe Postmapriis Dizze priis is yn 1983 ynsteld en is de oersetpriis foar wurk yn en út it Frysk yn alle sjenres. foar oersettings yn alle sjenres, út in frjemde taal yn it Frysk en oarsom; Meast giet it om literêr wurk, mar saaklike teksten kinne ek bekroand wurde. It prizebedrach is sûnt 1991 € 2.000. Bernlefpriis Ynsteld mei yngong fan 2005, grut € 2.000,- en in oarkonde, foar de Frysktalige, fokale muzyk yn alle sjenres, foar ien wurk sa goed as foar it hiele oeuvre fan in sjonger en foar it wurk fan komponist, arranzjeur, tekstdichter, dirigint, muzikolooch, muzyksamler, -besoarger, en –útjouwer; Pyt van der Zee-priis Sûnt 2004 útrikt, grut € 2.000,- en in oarkonde, foar it amateurtoaniel yn Fryslân; bûtengewoane prestaasje dy ’t yn ferhâlding ta oare prestaasjes yn it amateurtoaniel opfallend posityf is; de priis kin takend wurde oan persoanen, groepen en organisaasjes op it mêd fan amateurtoaniel, lykas rezjy, karmasterij, klaaiïng, dekôr, útfiering, spiler(s), selskip(pen), organisaasje(s), publikaasje(s).
Syklus Der is in seisjierlikse syklus fan priistakennings- en –útrikking: 2002: Bernlefpriis, Fedde Schurerpriis, dr. Obe Postmapriis 2003: Gysbert Japicxpriis, dr. Joast Halbertsmapriis 2004: Pyt van der Zeepriis 2005: Bernlefpriis, Fedde Schurerpriis, Fedde Schurer-publykspriis, Gysbert Japicxpriis, Obe Postmapriis 2006: dr. Joast Halbertsmapriis 2007: Gysbert Japicxpriis, Pyt van der Zeepriis 2008: Bernlefpriis, Fedde Schurerpriis, Fedde Schurer-publykspriis, dr. Obe Postmapriis 2009: Gysbert Japicxpriis, dr. Joast Halbertsmapriis 2010: Pyt van der Zeepriis ensfh.
Kategory:Fryske kultuerpriis Kategory:Fryske literatuerpriis Kategory:Fryske poëzypriis Kategory:Fryske muzykpriis Kategory:Fryske teaterpriis