Jonkfrou Anna Augusta van Eysinga (Ljouwert, 10 desimber 1863 - dêre, 6 jannewaris 1960) wie de dochter fan jhr. mr. Frans Julius Johan van Eysinga (1818-1901) dy't ûnder mear lid fan de Earste Keamer, riedshear fan it gerjochtshof fan Ljouwert (1873-1888), en foarsitter fan de Earste Keamer (1880-1888) wie. De frelle stifte nei it ferstjerren fan har âlden, mei har susters, it rêstoard Wilhelminaoarde yn Sint-Nyk.

Sette in grut tal boeken yn brailleskrift foar Ynstitút Wolfheze.

Kategory:Frysk oersetter Kategory:Frysk filantroop Kategory:Fryske adel Kategory:Persoan berne yn Ljouwert Kategory:Persoan stoarn yn Ljouwert Kategory:Sint-Nyk Kategory:Persoan berne yn 1863 Kategory:Persoan stoarn yn 1960