thumb|400px|Sylkeninginne en hofdame 2011 De Sylkeninginne is in Grouster famke dat yn it sylseizoen ambasadrise is by de Wettersportaktiviteiten fan it doarp Grou.

Al sûnt 1971 wurdt der in Sylkeninginne keazen. Betingst is al dat de keninginne yn Grou wenje moat, jonger as tritich jier, sûnder bern en net-troud, leafst hikke en tein yn Fryslân en Frysktalich wêze moat. De kandidaat-keninginne wurdt yn stilte oansocht, de earste tiid waard it dien troch Sypi van der Duim en Wimmie (Wimke) Terra-van den Berg. De sylkeninginne kiest dan sels in Hofdame. Yn de jierren santich spile it uterlik iepentlik in grutte rol by de ferkiezing. Oare jierren moasten dielnimmers in moadeshow rinne op doarpsplein It Grien en it publyk keas dan de winnaresse. Hjirby wie ek in badpakkeronde. Utsûndering wie 1978 doe't de organisaasje in sylwedstriid útskreaun. Yn 2000 wie der by it tritichjierrich bestean in reuny fan âld-keninginnen yn it Theehûs. De sylkeninginne komt by de iepening fan it wettersportseisoen mei it skûtsje Doarp Grou oan op de Nije Kade, de lêste jierren ûnder it gesang fan Shantykoar De Pikbroeken. De ûntfangst is troch in pommerant by Hotel Oostergoo. De Sylkeninginne fertelt dan wat der yn Grou de kommende tiid te rêden wêze sil.

Sylkeninginnen wienen oant no ta:. Jier Keninginne Leeftiid Hofdame2025Anne-Rixt Link24Naomi van der Meer2024Fenna Hoekstra23Marije de Vries2023Iris Wartena25Nienke Post2022Klaske van der Veen23Wimke van der Veen 2019 Janne Heida Fenna Jansen 2018 Akkejant Mink 24 Klaasje Jorna 2017 Martha Dijkstra 22 Sisca Spijkstra 2016 Nynke Sinnema 22 Hanneke Visser 2015 Nynke Rooks 21 Anneke Hoekstra 2014 Thea Andringa Maartje de Goede 2013 Sietske Leijstra Anke Odinga 2012 Jonte Dijkstra 21 Wietske Hooghiemster 2011 Nanneke Hoekstra 23 Marrit Hooghiemster 2010 Hedwich de Groot 23 Nynke Tuinstra 2009 Froukje Tichelaar 22 Krista Engwerda 2008 Hendrike Hoogeboom 21 Ylse Hoogeboom 2007 Sanne Schoonhoven 23 Rixt Wind 2006 Hanneke van den Berg 21 Marianne Kooiker 2005 Agnes Hooghiemster 25 Nynke Tichelaar 2004 Jildou Kaastra 20 Loes Engwerda 2003 Anthonia Rinsma Hilde de Groot 2002 Petronella Lok 19 Jantine van der Werf 2001 Roelien Huisman 26Janny Castelein 2000 Suzanne HoekstraNienke van der Bijl 1999 Jitske van de Bosch Alie Hiemstra 1998 Alinda van der Bijl Annalies van der Veen 1997 Esther van der Werk Klaske Jonkman 1996 Anke Buitenveld Hanneke de Vries 1995 Margje de Jong Coby Andringa 1994 Greta van der Meer Lutske Terra 1993 Ike Boonstra Janneke Veldkamp 1992 Grietje Biegel-Boelstra 29 Petra Knossen 1991 Grytsje Steneker Anneke Kooiker 1990 Petra van der Zwaag Alineke Spijkstra 1989 Riny de Vries 22 Sjoerdje Andringa 1988 Ingrid Olivier Francis Frijling 1987 Dineke Wartena Gonny Hellinga 1986 Rieka Stobbe Anneke Machiela 1985 Aukje Postma Tryntsje Postma 1984 Trynke Brouwer Bianca van Bummelen 1983 Aukje Wester Atsje Wester 1982 Martha Luitjens Monique Stam 1981Rita de WilligenAnnalies Thiele 1980 Wiepkje de Groot Janny van Es 1979 Greetje Fontein Hennie Fontein 1978 Geartsje Wester Akke Zwaga, Thea van der Pal 1977 1976 1975 1974 1973 Ineke van Zeijl 1972 Anneke van Dijk 1971 Reino van der Schaaf 1970 Riemie Krist

Kategory:Grou Kategory:Toerisme yn Fryslân