Johannes Alle Faber (Ljouwert, 25 septimber 1925 - Bennekom, 7 oktober 2007) wie in Nederlânsk skiedkundige fan Frysk komôf. Hy wie heechlearaar Ekonomyske en Sosjale Skiednis yn Amsterdam sûnt de hjerst fan 1974. Hy wie troud mei Geertruida H. Reeders, oefenterapeute.

Faber die doktoraal ekonomy oan de RUG (1956) en promovearre yn de letteren oan de RUU (1972). Yn 1956 wied er wittenskiplik meiwurker oan de Lânbouhegeskoalle, ôfdieling Agraryske Skiednis, yn Wageningen. Publisearre oer Fryslân ekonomyske skiednis yn ûnder mear It Beaken en promovearre yn 1972 op Drie eeuwen Friesland; economische en sociale ontwikkelingen van 1500 tot 1800. Hy krige dêrfoar yn 1974 de Joast Halbertsmapriis.

Hy wie lid fan de Fryske Akademy en de Hollandsche Maatschappij der Wetenschappen yn Haarlim.

Wurk (kar-út) Drie eeuwen Friesland. Economische en sociale ontwikkelingen van 1500 tot 1800 (1972) Het spoor. 150 jaar spoorwegen in Nederland (1989) Van revolutie naar rendement, 1970-1990. deel 3 van de geschiedenis van de Landbouwuniversiteit Wageningen (1993).

Kategory:Frysk skiedkundige Kategory:Frysk ekonoom Kategory:Frysk letterkundige Kategory:Frysk heechlearaar Kategory:Frysk publisist Kategory:Nederlânsk skiedkundige Kategory:Nederlânsk ekonoom Kategory:Nederlânsk letterkundige Kategory:Nederlânsk heechlearaar Kategory:Nederlânsk publisist Kategory:Nederlânsk persoan fan Frysk komôf Kategory:Persoan berne yn Ljouwert Kategory:Persoan berne yn 1925 Kategory:Persoan stoarn yn 2007