Sybrandus Johannes Fockema Andreae (Ljouwert, 10 april 1904 - Beetstersweach, 6 desimber 1968) wie in rjochtshistoarikus en argivaris. Syn pake en nammegenoat wie de bekende professor yn de rjochtsskiednis yn Leien Sybrandus Johannes Fockema Andreae thumb|Fockema Andreae syn promoasjefeest (23 maart 1934) Hy wie fan 1963-1968 ryksargivaris yn Fryslân en provinsjaal ynspekteur fan de gemeente- en wetterskipsargiven. Kaam yn 1928 yn tsjinst fan it Heechhiemriedskip Rynlân, dêr't syn (cum laude) dissertaasje ek oer gie (1934). Beklaaide in soad ferskillende funskjes, lykas riedsadviseur fan it Ministearje fan Ferkear en Wettersteat (1959-1963). Fockema Andreae wie in kenner fan wettersteatsskiednis en - rjocht en publisearre dêroer. Sette nije argiven mei op: Monumenta Frisica-Fryske Archyfrige, joech Berns syn ynventaris fan it Steatenargyf 1580-1795 út, makke it Album der Franeker universiteit printree en beskreau in grut tal argiven fan hânskriftsamlingen. Hy wie ek sekretaris fan it Frysk Genoatskip. Waard syn lêste jierren in soad behindere troch tanimmende ynfaliditeit.
Publikaasjes In kar út Fockema Andreae's goed 600 titels:De folsleine bibliografie fan Fockema Andreae is te finen yn: Jacob Westenberg, Bibliografie van de werken van Mr. S.J. Fockema Andreae, De Haach, 1968. Een aanvulling hierop is verschenen in Nederlands Archievenblad, 74 (1970), pp. 279-289. Het Hoogheemraadschap van Rijnland, zijn recht en zijn bestuur van den vroegsten tijd tot 1857, proefskrift, 1934 De oude archieven van het Hoogheemraadschap van Rijnland 1255-1857, 1933 Studiën over waterstaatsgeschiedenis, 8 delen, Leiden 1950-1952 De Nederlandse staat onder de republiek, Noord-Hollandsche Uitgevers Maatschappij, 1974 Stad en dorp, yn it mei E.H. ter Kuile en R.C. Hekker redigearre Duizend jaar bouwen in Nederland, 2 dln., Amsterdam, 1948, 1957 Een mensenleven in Nederland. Driekwart eeuw ontwikkeling van openbaar bestuur, onderwijs en onderneming, Alphen a.d. Rijn, 1957 Rechtsgeleerd handwoordenboek, H.D. Tjeenk Willink, 1977
Kategory:Frysk argivaris Kategory:Frysk bestjoerder Kategory:Frysk amtner Kategory:Frysk publisist Kategory:Nederlânsk argivaris Kategory:Nederlânsk bestjoerder Kategory:Nederlânsk amtner Kategory:Nederlânsk publisist Kategory:Nederlânsk persoan fan Frysk komôf Kategory:Persoan berne yn Ljouwert Kategory:Persoan stoarn yn Beetstersweach Kategory:Persoan berne yn 1904 Kategory:Persoan stoarn yn 1968