De Fryslânhal is in feemerk- en evenemintehal yn Ljouwert.
De hal waard iepene op 16 septimber 1963 mei de Frisiana, en as feemerk yn gebrûk nomd op 8 novimber 1963. De Fryslânhal wie doe ien fan de grutste hallen yn Nederlân. Under de kape 30.000 m², oerflak fan de foaroanbynromte: 5.000 m². De feemerkromte hat in totaalkapasiteit fan (tagelyk) 3875 kij, 2600 skiep, 1500 gerskeallen, 3500 noftere keallen. Neist feemerkhal hat de Fryslânhal ek twa kafees, bankôfdieling, kantoar en kiosk. Der waarden ek grutte manifestaasjes yn hâlden: Frisiana, Recreana, hûnetentoanstellings en feekeurings. Direkteur wie yn 1973 J. de Vries.
Op 23 novimber 1996 gie de Fryslânhal troch brân ferlern, nei't in pear bêrn mei lúsjefers boarten yn it hea. De deun njonken lizzende iishal bliuwt sparre by de brân.
Sjoch ek WTC Expo
Kategory:Earder bouwurk yn Ljouwert Kategory:Evenemintehal yn Fryslân Kategory:Kongressintrum yn Fryslân Kategory:Bouwurk út 1963 Kategory:Bouwurk sloopt yn 1996 Kategory:Bouwurk yn Ljouwert (gemeente) Kategory:Bedriuw yn Ljouwert