Stasjon Hurdegaryp (Hdg) is in spoarweistasjon yn it doarp Hurdegaryp yn de gemeente Tytsjerksteradiel. En waard iepene yn 1866 oan de Steatsline B (Harns Haven - Bad Nijeskâns).
Gebou 200px|thumb|left|Stasjon Hurdegaryp, iere 20e iuw It oarspronklike spoarweistasjon fan Hurdegaryp wie in standertstasjon fan de Steatsspoarwegen, in stasjon fan it type SS fiifde Klasse, boud yn de jierren sechtich fan de 19e iuw en ien fan de achtentritich stasjons dy 't ea yn dy klasse boud wie. It gebou wie ûntwurpen troch de arsjitekt Karel Hendrik van Brederode It stasjon waard sûnt de iepening meardere kearen ferboud. Yn 1891 krige it gebou oan wjerskanten in fleugel; yn 1915 krige it middenpart der in ferdjipping by.
It stasjon waard yn 1964 ferfongen troch in nij gebou bekend as Standerttype Vierlingsbeek fan de hân fan arsjitekt Willem Bernhard Kloos. It stasjonsgebou is hjoed-de-dei yn gebrûk as jongerensintrum.
Op 30 maaie 1999 waard de eardere stasjonsnamme Hardegarijp oanpast oan de sûnt 1989 offisjele Fryske namme.
Treinferbinings Searje Treintype Rûte TsjinstroasterRS 137400Stoptrein (Arriva)Ljouwert – Ljouwert-Kammingabuorren – Hurdegaryp – Feanwâlden – De Westereen – Bûtenpost – Grypskerk – Súdhorn – GrinsJûns ride fan moandei oant en mei sneon inkelde ekstra treinen tusken Súdhorn en Grins.
Kategory:Hurdegaryp Hurdegaryp Kategory:Bouwurk yn Tytsjerksteradiel Kategory:Bouwurk út 1863 Kategory:Bouwurk sloopt yn 1964 Kategory:Bouwurk út 1964