thumb|left|175px|Alexandra Maria Lara Alexandra Maria Lara (Boekarest, Roemeenje, 12 novimber 1978), eigentlik Alexandra Maria Plătăreanu, is in Dútsk aktrise.

Alexandra Maria Lara kaam nei Dútslân doe't hja fjouwer jier wie. Har heit Valentin Plătăreanu wie yn Roemeenje in populêr akteur en fisedirekteur fan it Nasjonaal Teater Boekarest. De húshâlding moast flechtsje foar het rezjym fan Nicolae Ceauşescu yn 1983. Alexandra Maria Lara waard grut yn Freiburg im Breisgau, folge it gymnasium yn Berlyn en die dêrnei de toanielskoalle. Sy is troud mei Sam Riley dy't hja moete by de opname fan Control.

Doe't hja sechtjin wie krige se de titelrol fan de telefyzjerige Mensch, Pia!. Wilens hie hja in mânsk cv. Sy spile ûnder oaren yn de telefyzjefilms Die Bubi-Scholz-Story, Der Tunnel en Napoleon. Yn Der Untergang spile se Traudl Junge, de priveesekretaresse fan Adolf Hitler. Foar dy rol krige se yn 2005 de Goldene Kamera foar bêste Dútske aktrise.

Filmografy

Keppeling om utens Alexandra Maria Lara

Kategory:Roemeensk filmakteur Kategory:Dútsk filmakteur Kategory:Dútsk persoan fan Roemeensk komôf Kategory:Persoan berne yn 1978