Klaas Dijkstra (Snits, 20 maart 1895Klaas Dijkstra wacht nog steeds op antwoord van de wetenschap, Ljouwerter Krante, 20 maart 1965 - Hilfertsom, koart foar 4 juny 1969Klaas Dijkstra in Hilversum overleden, Ljouwerter Krante, 4 juny 1969) wie in Nederlânske amateurwittenskipper en morosoof dy't hawwe woe dat de Ierde plat wie.
Dijkstra begûn om 1911 as edelsmid mei it siselearjen fan lânskippen yn koper en sulver dy't op sigaredoazen fêstset waarden. Hy hie in bedriuw yn Snits, dat yn de grutte ekonomyske krisis fan 1929 sneuvele, wêrnei't er flak foar de Twadde Wrâldkriich nei Hilfertsom ferfear.
Teory fan de Platte Ierde Dijkstra sette mei syn ûndersyk út ein yn 1931 en kaam yn 1947 mei syn konklúzje dat de Ierde plat wie en hold dat út oant syn ferstjerren yn 1969. De Ierde is neffens Dijkstra in platte rûne skiif mei in opsteande râne fan iis. Dy iisrâne is neffens him itselde as wat de súdpoal neamd wurdt; as it immen slagje soe om oer dy râne te klimmen, soe er yn de rûmte falle. Dijkstra neamt de súdpoal de "sône fan de apaty", de wrâld hâldt dêr op, de loft is yl en it kompas docht it dêr net mear. De noardpoal leit yn it middelpunt fan Dijkstra's platte Ierde. Doe't Edmund Hillary en Vivian Fuchs yn 1958 de súdpoal oerstutsen, wie Dijkstra nei't er sei ferbjustere, mar hold wol fertrouwen yn syn teory: 'Myn teory dat de ierde net in bol is mar in platte skiif, hat wol in knoei krigen mar leit net om. Neffens my hat Fuchs net de foarskreaune meridiaan folge en binne Fuchs en Hillary yn de breedte by inoar kommen. Hillary hat konstatearre dat er fierder fan Fuchs ôf wie as dat er tocht, want hy rekkent mei in bol, wylst it in sirkelbôge wêze moat. De ôfstân wie lykwols lytser as ik sels tocht'.En toch is de wereld plat... ynstjoerd stik fan Klaas Dijkstra yn de Ljouwerter Krante, 1 febrewaris 1958
Dijkstra neamde de oanhingers fan de 'teory' dat de Ierde bol is, bollandisten. Ek nei de Apollo-romteflechten yn 1968 en de foto's fan de Ierde dy't dat opsmiet woe it Dijkstra net oan: 'Dy trije romtefearders moatte de wrâld op syn kant sjoen hawwe, mar hja moatte der oer swije'.Voor Klaas Dijkstra blijft de aarde plat, Ljouwerter Krante, 31 desimber 1968
Yn syn boek Pleidooi voor de platte aarde seit Dijkstra sels dat er kontakt hat mei bûtenierdske wêzens.Klaas Dijkstra en zijn eigen platte wereld, Trouw, 10 febrewaris 1992
Hjoed-de-dei hat Dijkstra's teory noch oanhingers ûnder guon kreasjonisten, sa as bygelyks Ab Klein Haneveld (dy't oars ek úthâldt dat de Ierde hol is).De aarde is hol, ynterview mei Ab Klein Haneveld yn Francken Vrij, oktober 2005
Bibliografy Is de aarde rond? - uitg. De Spaarnestad, Haarlim, 1955 (mei in foarwurd fan Godfried Bomans)Godfried Bomans - Bi(bli)ografie Pleidooi voor de platte aarde - útj. J. Boersma, Enskede, 1963Ingekomen boeken, L, 16 septimber 1963
Literatuer Morosofie, Dwaze wijzen en wijze dwazen in Nederland en Vlaanderen, Matthijs van Boxsel, 2001Dwaasheid kent vele gedaanten, de Volkskrant, 17 augustus 2001De toppen van de Nederlandse domheid, Hugo Brandt Corstius, NRC Boeken, 15 juny 2001
Kategory:Frysk koperslagger Kategory:Frysk sulversmid Kategory:Frysk graveur Kategory:Frysk publisist Kategory:Nederlânsk koperslagger Kategory:Nederlânsk sulversmid Kategory:Nederlânsk graveur Kategory:Siseleur Kategory:Nederlânsk publisist Kategory:Pseudowittenskipper Kategory:Nederlânsk persoan fan Frysk komôf Kategory:Persoan berne yn Snits Kategory:Persoan berne yn 1895 Kategory:Persoan stoarn yn 1969