It Tydskrift foar Fryske Taalkunde (TFT) wie in Frysktalich tydskrift dat ferskynde fan 1985-1995 en oprjochte waard troch Siebren Dyk, Jarich Hoekstra en Willem Visser. Nei fiif jiergongen ferliet Siebren Dyk de redaksje en waard opfolge troch Durk Veenstra.

De oprjochters wienen jongere frisisten, destiids alle trije wurkjend by de Fryske Akademy. It inisjatyf foar in nij tydskrift ûntstie út ûnfrede: der soe yn de besteande frisistyske tydskriften te min omtinken jûn wurde oan wittenskiplike diskusje, wylst de publikaasjes nei harren miening te min oansleaten by de ynternasjonale taalkundige ûntwikkelingen. Boppedat wie der gjin tydskrift dat him hielendal oan de taalkunde fan it Frysk wijde. Sa soenen ynteressearden harren taalkundige krinten út de ûnderwiiskundige, histoaryske, folkskundige, sosjaal-wittenskiplike of literêre brij sykje moatte. Troch in aktyf redaksjebelied hopen de oprjochters om mei TFT de Friese taalkunde kwalitatyf en kwantitatyf op in heger plan te bringen.

It fernijende oan TFT hat west, dat der neist artikels, ek bewust romte ynromme waard foar oare rubriken. Sa waard de taalkundige frisistyk kritysk folge troch resinsjes (de rubryk 'Besprek') en wie der romte foar taalkundige polemyk (de rubryk 'Opmerkingen en diskusje'). En der wie de dokumintearjende rubryk 'Op it mêd', wêryn't publikaasjes – en net allinnich fisistyske – sinjalearre waarden dy't fan belang binne foar de Fryske taalkunde.

TFT ferskynde trije kear jiers. Jiergong 6 hie yn 1990 ferskine moatten, mar troch in gearrin fan omstannichheden bliek de redaksje dat jier net by steat nûmers te publisearjen. It blêd makke tsien jiergongen fol. Yn in brief oan de abonnees waard tiidgebrek as wichtichste reden neamd om der mei op te hâlden.

It Grinzer frisistyske tydskrift Us Wurk – de trije oprjochters sieten letter yn de redaksje – hat de rubryk 'Op it mêd', dêr't ferlet fan blykte te wêzen, oernommen. Us Wurk krige doe ek in bloeiende rubryk 'Besprek'. It Tydskrift foar Fryske Taalkunde hat sa yndirekt syn spoaren yn de frisistyk neilitten.

Kategory:Frysktalich tydskrift Kategory:Frysk wittenskiplik tydskrift Kategory:Krante of tydskrift oprjochte yn 1985 Kategory:Krante of tydskrift opheft yn 1995