thumb|right|200px|Sulveren Skries

De Sulveren Sries is in jierlikse priis fan de provinsje Fryslân. Mei de Sulveren Skries wol it SANL it (agrarysk) natoer- en lânskipsbehear in stimulâns jaan. De priis wurdt útrikt troch de provinsje foar it bêste inisjatyf op it mêd fan (agrarysk) natoer- en lânskipsbehear. De priis is makke troch Saskia Zuiderduin.

It giet om aktiviteiten dy't yn dat jier begûn binne of dien binne en boppedat in foarbyldfunksje hawwe, of fernijend en effektyf binne. Projekten, persoanen of organisaasjes kinne nominearre wurde. De Sulveren Skries is in inisjatyf fan it Gearwurkingsferbân Agrarysk Natoer- en Lânskipsbehear (SANL). It SANL is in gearwurkingsferbân fan de provinsje Fryslân, Lânskipsbehear Fryslân, it BFVW, Steatsboskbehear, Natoermonuminten, It Fryske Gea, BoerenNatoer, LTO-noard en Tsjinst Lanlik Gebiet.

Neist de útrikking fan de Sulveren Skries binne der ek trije jildprizen mei in wearde fan € 2.500,-, € 1.000,- en € 500,-, Oersjoch fan de winners: Jier Winner foar 2016 Boskwachters Arno Paulus en Jakob Hanenburg fan Steatsboskbehear yn Noard-Fryslân Kwaliteitsferbettering Surhuzumermieden 2011 2010 stichting Skalsumer Natuurbeheer duorsum buorkje stypje 2009 Stichting Skalsumer Natuurbeheer greidefûgelbehear 2008 ‘Noardlike Fryske Wâlden - Takomst foar in unyk lânskip' lesprogramma foar basisskoallen 2007 Hessel Agema foarljochting greidefūgelfreonlik buorkjen 2006 Skriezekrite Idzegea gearwurking mai alle belutsen partijen 2005 2004 2003 Ecolana Holwert kreëaren brakwetterfloara 2002 Koördinaasjegroep Skries 'Skriezekriten' ta behâld fan skriezen 2001 Waterlander en Leenstra Meantreppenpakket foar greidefûgels 2000 Anne Venema jeugdsoarchprojekt 1999 Agraryske Jongerein Fryslân benadering jonge boeren fan “binnenút” en net “fanút it belied”

Kategory:Natoerbehear