Johannes Elsinga (Wommels, 12 maaie 1893 - Ljouwert, 18 maart 1969) wie in Frysk keunstner.
Hy skildere en tekene lânskippen en portretten. Yn de simmer fan 1973 waard yn galery Van Hulsen yn Ljouwert in part fan syn oeuvre toand. Yn it neijier fan 1974 waard yn 't Coopmanshûs yn Frjentsjer in tentoanstelling fan syn wurk út de tweintiger jierren holden, tagelyk mei wurk fan Ype Wenning en Egnatius Ydema.
Keppelings om utens Biografy by www.dorpsarchiefgrou.nl RKD-profyl
Kategory:Frysk keunstskilder Kategory:Persoan berne yn Wommels Kategory:Persoan stoarn yn Ljouwert Kategory:Persoan berne yn 1893 Kategory:Persoan stoarn yn 1969