thumb De Sulveren Ljip is in priis foar dejinge dy't tusken 1 en 31 maart it earste ljipaai fan Fryslân fynt. It Bûn fan Fryske Fûgelwachten (BFVW) hat ek in priis dy't sa hjit, de Sulveren Ljip (fûgelwacht), mar dy priis is foar leden mei in grutte fertsjinste. De Kommissaris fan de Kening rikt de priis út, neidat er it aai lottere hat. De priis bestiet út in sulveren byldsje fan in ljip, in oarkunde en € 15,'-. De finer moast letter in neisoarchpas en in aaisykfergunning hawwe. De priis is yn 1968 ynsteld troch Ljouwerter Krante mei as doel om it oanbieden fan it earste ljipaai oan de Kening(inne) en de Kommissaris fan de Kening(inne) fan Fryslân yn eare te hâlden. Doe't de krante der yn 1996 mei stoppe, hat de provinsje Fryslân sels in byldsje beskikber steld.
It Sulveren Polske is in priis foar bern ûnder de tolve dy't as earste in ljipaai fynt. Doel fan de priis is dat bern it fjild yn gean, de natoer kennen leare en goede neisoargers wurde.
List fan winners:
Jier Winner Wenplak Fynplak Datum2024Anne WindPingjumLangelille5 maart2023Anne WindPingjumSkarsterbrêge12 maart2022Wietse Jan DijkstraSint Anneby de Warkumerwaard14 maart 2021 Simon Spriensma Dokkum by Raard 6 maart 2020 Michel van der Goot Himmelum by Aldegea 8 maart 2019 Melle van der Meer Garyp by Earnewâld 23 maart 2018 Riemer Miedema It Heidenskip by It Heidenskip 15 maart 2017 Herman Mooi Wolvegea by Slikenboarch 10 maart 2016 Armanda Stuiver Sint-Jânsgea tusken Rottum en Aldehaske 14 maart 2015 2014 Geert Mooi Nijetrine Slikenboarch 6 maart 2013 Melle van der Meer Sumar Earnewâld 23 maart 2012 Jan Harmen Oosterman Aldehaske Aldehaske 10 maart 2011 Geert Kleinhuis Earnewâld by Hurdegaryp 16 maart 2010 Hidde Dijkstra Britsum by fleanbasis Ljouwert 16 maart 2009 Wytze Meinsma Tsjom tusken Tsjom en Lollum 9 maart 2008 Marten Scheffer Hitsum tusken Arum en Lollum 6 maart 2007 Christiaan Noordhuis Boalsert Spannenburch (twake) 7 maart 2006 Joop Wynja Parregea Blauhûs 24 maart 2005 Net útrikt y.f.m. ferbod 2004 Geert Otter Haskerdiken Terbant 16 maart 2003 Christiaan Noordhuis Boalsert Spannenburch (twake) 12 maart 2002 Wybren Bylsma Tsjerkgaast Spannenburch 2001 Net útrikt y.f.m. tongblier 2000 Tinus van Rozen Appelskea tusken Appelskea en Easterwâlde 10 maart 1999 Albert Wester Garyp by Earnewâld (Nonnepaad) 9 maart 1998 1997 by Nijlân 8 maart 1996 Willem Mulder Seisbierrum 24 maart 1995 Ate de Jong Noardburgum 11 maart 1994 Paulus Dirksen Sint Nyk 12 maart 1993 Sipke Bakker en Lolke Smid Koudum 15 maart 1992 Jan Lolkema Hylpen 9 maart 1991 Pieter Bakker Boazum 12 maart 1990 Peter Punter Sleat 10 maart 1989 Martinus de Vries Boarnburgum 4 maart 1988 Henk de Boer Jellum (twake) 15 maart 1987 Wiepke Meines en Roel de Leeuw Beetstersweach 27 maart 1986 Sybren Postma Stiens 24 maart 1985 Teake Oosterbos Mantgum 19 maart 1984 Jan T. Kooistra Wergea Warstiens 17 maart 1983 Andries Filisijn Tersoal 13 maart 1982 Sieds Hoeneveld Surhuzum Surhuzumer Mieden 15 maart 1981 Jinke Kuperus-Hoekstra Wurdum 15 maart 1980 Sake Veenstra De Houtigehage Drachtster Kompenije 16 maaart 1979 Martinus de Boer Wytmarsum Pankoekspolder 18 maart 1978 Pier en Jurjen de Haan Boalsert 14 maart (twake) 1977 Hendrikus de Jong Bakhuzen 10 maart 1976 Pier Visser en Hendrik Eppema Wikel 21 maart 1975 Kees de Vries Wurdum 13 maart 1974 Jan van der Wal De Westereen Westermieden 18 maart 1973 Oebele van der Duim Stiens 15 maart 1972 Jacob Voersma Koarnjum Koarnjumer Aldlân 20 maart 1971 Hinne Wiersma Stiens 'De Terpen' 20 maart 1970 Bertus Blumers Itens 22 maart 1969Jacob Bouma Garyp 31 maart 1968 Frans Visser Rien16 maart
Kategory:Aaisykjen Kategory:Natoerbeskerming Kategory:Fryske sportpriis Kategory:Fryske kultuerpriis Kategory:Priis of ûnderskieding ynsteld yn 1968 Kategory:Ljip