Sake Pieter Roodbergen (Grou, 16 maaie 1945) is in Frysk learaar, natoerbeskermer en -publisist.

Libben en wurk Oant april 2001 joech Roodbergen Ingelsk en biologyles oan de iepenbiere Mafû yn Akkrum. Hy wie yn de mid-santiger jierren ien fan de gearstallers fan de biologymetoade De Ogen van de Natuur, mei Inne Heerma, Ytsen Kooistra (1940-2021), Pyt Laansma en Siep Muizelaar. Fan 1972 - 1997 wie Roodbergen bestjoerslid fan de Fûgelwacht Akkrum. Ein 1987 waard hy troch Gjalt de Groot, de foarsitter fan it Bûn fan Fryske Fûgelwachten (de BFVW), frege om in sit te nimmen yn de BFVW-kommisje Beliedstarieding. De oanlieding wie in brief fan it Ministearje oangeande in nije fûgelwet, needsaaklik fanwegen de 'Europese Vogelrichtlijn', dy't yn april 1979 ta stân kaam. It foarstel fan it ministearje wie om it ljipaaisykjen yn Nederlân alhiel te ferbieden, mei útsûndering fan Fryslân. Dêr soe it noch tastien wurde oant 6 april. De BFVW-kommisje krige fan it haadbestjoer de opdracht om oan te jaan wêrom't it ljipaaisykjen lanlik bestean bliuwe moast en yn Fryslân oant en mei 12 april, de situaasje fan dat momint. Yn maart 1988 waard Roodbergen foardroegen en keazen yn it BFVW-haadbestjoer en yn july fan dat jier waard hy deistich bestjoerslid. Hy soe dat bliuwe oant maart 2001. Yn dy perioade hie hy it ljipaaisykjen yn syn portefúlje. De BFVW-beliedsline dy't útsetten waard hâlde yn it ljipaaisykjen yn de nasjonale wetjouwing fêst te lizzen, rekkenskip hâldend mei de trije Europeeske easken, fan selektiviteit, lytse oantallen en kontrôle. Dêrby ek rekkenskip hâldend mei de eask fan ôfhinklikheid fan de gasthear, de boer, fan tsjinstberens oan de greidefûgelbeskerming, en de eask fan de kwantiteit, kontinuiteit en kwaliteit fan de beskerming, de neisoarch. Fan de nasjonale oerheid waard frege de besteande wetjouwing (Vogelwet 1936) sadanich oan te passen dat dy't -lanlik- fasilitearjend nei dizze doelstellings wurde soe. Provinsjaal wie it BFVW-haadbestjoer wiis mei de stipe fan de provinsjale oerheid en fan de natoerorganisaasje It Fryske Gea. It slagget de BFVW net om de yn 1972 oprjochte Friese Mileufederatie achter har stribjen te krijen. Fan maart 1994 oant april 2008 wie Roodbergen ek de haadredakteur fan it twamoanliks ferskinende BFVW-tydskrift Vanellus. Yn de perioade dat hy as bestjoerslid en as Vanellus-redakteur belutsen wie by de BFVW waard de Europeeske Fûgelrjochtline (april 1979) ymplemintearre yn de nasjonale wetjouwing, yn it jier 1993. De ferrassend grutte wurdearring foar de BFVW-wurkwize yn maart 1993 fan de hiele Twadde Keamer (útsein GroenLinks), de salto mortale fan de ferantwurdlike steatssekretaris Dzsingisz Gabor (CDA) en de yntroduksje fan in ferplichte lanlike aaisikerskaart troch de Earste Keamer, fia in moasje fan PvdA en CDA yn oktober fan dat jier 1993, blieken mei-inoar dochs net genôch om de amtlike top op it ministearje 'om' te krijen en ta konstruktyf meiwurkjen te bewegen. Yn april 2002 kaam de Floara- en Faunawet ta stân. Dy wet brocht nije eleminten yn, lykas it begryp 'yntrinsike wearde' fan elts organisme, plant en bist, en de saneamde soarchplicht foar boer en boarger, dy't yn 2021 yn de provinsje Fryslân ta in drege diskusje liede soe. It foech oer de natoer waard yn dizze nije wet desintralisearre nei de provinsjes. De BFVW warskôge de wetjouwer sûnder sukses foar dizze nije, yngripende wetlike feroaringen. Ek de amtlike top fan ús eigen provinsje levere mear problemen op as meiwurking. Yn jannewaris 2015 foel it doek foar it ljipaaisykjen doe't de Ofdieling Bestjoersrjochtspraak fan de Rie fan Steat de ferliende fergunning fan de Fryske deputearre oan de BFVW weromfluite. Earst moast fêststeld wurde of de ljip noch wol yn in situaasje wie fan in 'gunstige staat van instandhouding'. Undersyk fan Sovon Vogelonderzoek Nederland yn Nijmegen wiisde út dat dit net mear it gefal wie. Achterôf kinne we fêstelle dat nét it ljipaaisykjen, mar de foar de ljip as briedfûgel sterk negative ûntwikkelingen yn de agraryske bedriuwsfiering, ynklusyf de djipûntwettering, it brûken fan keunstmest, de emissy-techniken en it brûken fan bestridingsmiddels lykas de beruchte neonikotinoïden, makke hawwe dat de ljip -en ek de skries, tsjirk en ljurk- har 'útstapmomint' berikte yn grutte parten fan Fryslân: gjin foer mear foar de folwoeksen fûgels (de reade wjirm) en gjin ynsekten foar de piken troch de ûntstiene gers-monokultuer. Dizze ûntwikkeling betsjutte dat der ek yn ús provinsje in ein kaam oan de iuwenâlde, rike en ynspirearjende maitiidstradysje fan it ljipaaisykjen. M.y.f. 1 jannewaris 2017 waard de F. en F.-wet opnommen yn de Natuurbeschermingswet.

Roodbergen siet foar it BFVW yn it provinsjaal greidefûgelplatfoarm en wie lid fan de Provinsjale Kommisje Behear Lânbougrûnen (PCBL) dêr't de grûnslach lein waard foar agrarysk natoerbehear. Likernôch 25 jier letter, yn 2018, waard der yn Fryslân 13,5 miljoen euro útkeard oan de saneamde agraryske kollektiven. Fryslân is mei 18.707 hektare koprinner yn Nederlân mei dizze foarm fan natoerbehear dy't benammen giet om de greidefûgels. Yn april 2022 wurdt troch de Provinsje oankundige om de saneamde 'wjukkelbunders' wer te yntrodusearjen, bedoeld om rap ynspylje te kinnen op geunstige omstannichheden yn it fjild.

'Wise and sustainable use' Roodbergen basearret syn fyzjes oangeande natoerbelibbing en it brûken fan de natoer - ek it ljipaaisykjen- op de 'wise and sustainable use'-útgongspunten fan de International Union for the Protection of Nature and Natural Resources (IUCN) yn Genève (1947). Fan de santiger jierren ôf wie it ljipaaisykjen bot polarisearre rekke yn rûnten fan natoerbeskermers. De wichtichste tsjinstanner fan de BFVW-útgongspunten waard Vogelbescherming Nederland (VBN) yn Zeist, dy't him, lykas de lettere Stichting Kritisch Faunabeheer, op etyske grûnen fûl tsjin it ljipaaisykjen fersette. Roodbergen skreau út namme fan it BFVW-haadbestjoer yn tal fan tydskriften en kranten, oer it wêzen en de maatskiplike betsjutting fan it ljipaaisykjen, en de needsaak om mei dat fenomeen fanút it eachpunt fan de (greidefûgel)beskerming hoeden om te gean. Somtiden mei oaren skreau hy in stikmannich boeken oer it ljipaaisykjen en de relaasje mei beskerming en edukaasje. Yn novimber 1991 ferskynde it boek Kievit tussen Pet en Wet. Roodbergen makke mei dit boek -in update fan it boekje Hijkes en Sijkes, dat makke waard troch de Ljouwerter Krante- as lid fan it Deistich Bestjoer fan de BFVW, tegearre mei Hans Wiltenburg, redakteur fan it BFVW-tiidskrift Vanellus, en Fokke Tuinstra, lid fan de PR-kommisje fan de BFVW. Pieter Breuker skreau it lêste haadstik, oer ljipaaisikerstaal. Prof.dr. Karel H. Voous (1920 - 2002), emeritus-heechlearaar Dierkunde oan de Vrije Universiteit yn Amsterdam, skriuwt it foaropwurd, dat er beslút mei de sin: "Moge de kievit, ondanks niet te miskennen achteruitgang van zijn aantallen in deze eeuw, nog lang de koning der weidevogels blijven in Friesland, in de rest van Nederland en elders in Europa". Yn syn boek In de ban van vogels, Ornithologisch Biografisch Woordenboek van Nederland (Scheffers, Utrecht 1995) skriuwt Voous ek in koarte biografy oer Roodbergen. Harrie Ernst fersoarget de redaksje fan Hijkes en Sijkes dat útjûn wurdt troch de Friese Pers Boekerij bv. Yn april 1993 ferskynt in justjes wizige twadde printinge.

Ein 1991 skriuwt Roodbergen op fersyk fan it BFVW-haadbestjoer de saneamde Fleksibilisearringsregeling foar it fêststellen fan de slutingsdatum fan it ljipaaisykjen. Hy makket de slutingsdatum ôfhinklik fan de ûntwikkeling fan it foarjier; útgongspunt is de fyndatum fan it earste ljipaai yn de tsiende gemeente (fan de 31) yn Fryslân. De regeling wurdt troch de Algemiene Ledegearkomste fan maart 1992 oannommen. Op 9 maart 1993 beslút de Twadde Keamer it ljipaaisykjen -lanlik- te bewarjen; de slutingsdatum wurdt yn it hiele lân 9 april; yn oktober fan dat jier wurdt yn de Earste Keamer it foarstel fan de BFVW oannommen om yn it hiele lân in aaisikerskaart yn te fieren. Dy aaiskerskaart waard fan it foarjier fan 1987 ôf al yn Fryslân brûkt. Tegearre mei de Twintener Bennie J. Oolbekkink stelt Roodbergen in list op fan de fynst fan it earste lanlike ljipaai fan 1900 ôf. Dizze list wurdt brûkt as fûnemint yn in artikel yn it Ingelsktalige fûgeltydskrift Ardea, yn maart 2005. De skriuwers binne Christiaan Both, Theunis Piersma en Roodbergen. De titel wurdt Climatic change explains much of the 20th century advance in laying data of Northern Lapwing Vanellus vanellus in the Netherlands. Roodbergen wurket mei oan it Frysk Basiswurdboek foar it basis- en fuortset ûnderwiis, dat gearstald wurdt troch Geert Vledder -syn eardere 'master' op de legere skoalle yn syn bertedoarp Grou- en Tetty de Jager-de Boer. Roodbergen nimt 'de biology' foar syn rekken. De yllustraasjes wurde fersoarge troch Warner B. Banga en Douwe T.E. van der Ploeg. Dy Afûk-útjefte ferskynt yn 1998.

Mear publikaasjes Foar Jaap de Vries, ljipaaisiker en fûgelringer, skriuwt Roodbergen yn it begjin fan 1999 twa bylagen foar de twadde printinge fan it boek fan De Vries mei de titel Met een strootje te verleiden. De bylage-titels binne: De Sulveren Ljip en Van de sluitingsdatum, B.F.V.W.-reservaten en nog wat. Yn de neisimmer fan datselde jier 1999 skriuwt Roodbergen it haadstik De Deelen als natuurgebied foar it boek De Deelen, in inisjatyf fan Thom Mercuur. Oare skriuwers binne Rink van der Velde, Peter C. Vos, Kerst Huisman, Oene G. Dijkstra, Hans en Marita de Jong, Sije van den Bosch, Evert Kramer en Thom Mercuur sels. It boek ferskynt yn de earste dagen fan it nije jier 2000. Yn desimber 1999 ferskynt it troch Roodbergen skreaune jubileumboek B.F.V.W. in vogelvlucht en perspectief oer de histoarje fan goed fyftich jier BFVW. Yn de july-nijsbrief nûmer 18 (jier 2000) fan de Heimans en Thijsse Stichting stiet in resinsje fan dit boek ûnder de kop: 'Wat ús besielet', ferwizend nei de mission statement fan de BFVW dy't yn it boek op side 10 opnommen is. De resinsint skriuwt ûnder mear: "Roodbergen geeft in zijn prettig leesbare, rijk geïllustreerde boek een goed beeld van de bezieling van duizenden vogelliefhebbers in Friesland". (-) "De Friese bond heeft tot nog toe de regering steeds ervan kunnen overtuigen dat het rapen van kievitseieren goed samengaat met vogelbescherming". It trijemoanliks ferskinende tydskrift het Vogeljaar skriuwt yn in resinsje yn it aprilnûmer û. o.: "Dit historische verslag gaat niet alleen in op de natuurbeschermingsactiviteiten, maar ook op de politieke, de sociale en opvoedkundige kanten. Het boek heeft enorm veel aan waarde gewonnen door het register van persoonsnamen die in de tekst staan vermeld en dat werd samengesteld door Bauke van der Veen". Yn it maartnûmer fan it jier 2000 ferskynt yn it kwartaalblêd Fryslân, Nieuwsblad voor Geschiedenis en Cultuur, ûnder redaksje fan Meindert Schroor, in bydrage fan Roodbergen mei de titel Een eeuw vogelbescherming in maatschappelijk perspectief, mei de subtitel 'Van het 'houtsje fan Grutte Tseard' en de 'aaisikerskaart'.