Reimerswaal is in gemeente yn 'e Nederlânske provinsje Seelân. De gemeente waard yn 1970 oprjochte en hie op ynwenners (boarne: CBS). en hat in oerflak fan 243,08 km² dêr't 133,89 km² fan wetter is.
De kearn Yerseke is bekend om 'e hannel yn moksels en oesters. Kruiningen wie bekend fanwegen it fear Kruiningen-Perkpolder, dat ûnderwilens ferfongen is troch de Westerskeldetunnel. Op it âlde terrein fan de fearboat wurdt de nije wenwyk Kruseveer boud.
De gemeente Reimerswaal ûntstie yn 1970 troch de gearfoeging fan 'e gemeenten Krabbendijke, Kruiningen, Rilland-Bath, Waarde en Yerseke. De gemeente is nei de midsiuwske stêd Reimerswaal ferneamd, dy't noardlik fan 'e hjoeddeiske gemeente lei yn it Ferdronken Lân fan Súd-Bevelân. De oerbliuwsels fan 'e stêd lizze sûnt 1978 ûnder de Bergse Diepsluis yn 'e Oesterdam, yn 'e gemeente Toalen.
It gemeentehûs fan Reimerswaal stiet yn Kruiningen. Ek de Kreekraksluzen lizze yn de gemeente.
Plakken Plak Ynwenners (2023) Hansweert 1.725 Krabbendijke 4.460 Kruiningen 4.855 Oostdijk 620 Rilland 2.990 Waarde 1.455 Yerseke 7.140
Yn 'e gemeente lizze ek de buorskippen Bath, Gawege, Middenhof, Roelshoek, Stationsbuurt, Vlake en Völckerdorp.
Kategory:Gemeente yn Seelân Kategory:Bestjoerlike ienheid oprjochte yn 1970