Colijnsplaat (Nederlânsk: Colijnsplaat; Siuwsk: Kersplaete) is in doarp yn 'e Siuwske gemeente Noard-Bevelân. It oantal ynwenners yn Colijnsplaat is 1.604 (2026). It doarp leit by de súdlike ein fan 'e Seelânbrêge.
Skiednis thumb|left|Timpel fan Nehalennia. Yn 'e omkriten fan Colijnsplaat hat in Keltyske delsetting lein mei de namme Ganuenta, dêr't mooglik de Frisiavones wennen. Hjir stie in timpel foar de goadinne Nehalennia. Yn 1970 waarden by Colijnsplaat in oantal Nehalennia-altaren opfiske út de Easterskelde. Oan it begjin fan 'e 21e iuw is yn Colijnsplaat in Gallo-Romeinske timpel rekonstruearre.
It hjoeddeistige Colijnsplaat waard yn 1598 stifte nei it bedykjen fan 'e Oud-Noord-Bevelandpolder. De namme komt fan 'e kwelder Colinsplate dy't doe foar in part yndike waard. De namme fan dy kwelder wurdt yn 1489 foar it earst neamd. It doarp waard planmjittich opset as in doarp mei rjochte kavels. Der waard in haven oanlein foar it ferfier fan nôt fan Noard-Bevelân nei Skouwen-Duivelân, en foar in fearferbining op Zierikzee. De sealtsjerke is boud yn 1769. Yn it doarp steane twa wynmûnen: de "Oude Molen" fan om 1727 hinne, en de "Nooit Gedacht" út 1864, dy't bekend stiet as de "Nieuwe Molen".
Doe't by de wettersneed fan 1953 in oantal manlju de floedplanken en de stipebear besochten te kearen om 't se troch it hege wetter drigen te swichten, kaam it frachtskip Lead, dat troch de stoarm losrekke wie, as golfbrekker foar de jet telâne. Sa bleau de Colijnsplaat drûch en dat barren stiet bekend as 'it wûnder fan Colijnsplaat'. In monumint út 1993 mei de namme "Houen Jongens" fan byldhouwer Jan Haas betinkt dat wûnder.
Troch de "Veerse Gatdam", dy't yn 1961 foltôge waard, rekke Veere ôfsletten fan 'e see. De fiskersfloaten fan Veere en Arnemuiden kamen tenei yn 'e haven fan Colijnsplaat te lizzen. Oan 'e haven is in fiskôfslach fêstige. Troch de bou fan 'e Seelânbrêge waard de fearferbining op Zierikzee oerstallich.
Colijnsplaat is it berteplak fan 'e wetterboukundige Johannis de Rijke. Op syn 156ste jierdei (1998) waard yn it doarp in stânbyld foar him ûntbleate; in kopy fan it byld dat yn 'e Japanske stêd Nagoya foar him oprjochte is.
Yn 1996 is Colijnsplaat oanwiisd as beskerme doarpsgesicht. It doarp is sûnt ien fan 'e beskerme Siuwske steds- en doarpsgesichten.
Foto's
Kategory:Plak op Noard-Bevelân Kategory:Eardere gemeente yn Seelân