Kamperland is in doarp yn 'e Siuwske gemeente Noard-Bevelân. It plak hat 2.223 (2026). Dêrmei is Kamperland it grutste plak fan 'e gemeente op it eilân.

It plak stie eartiids bekend as Campen en wurdt al yn 976 neamd. De namme is ôflaat fan it Latynske campus, dat 'fjild' of 'omheind lân' betsjut. Yn 1170 wurdt Campen as selsstannige parochy fermeld. It moat in wichtich plak west hawwe, want it hjoeddeiske Feare op Walcheren waard eartiids Kampvere neamd; it plak dêr't it fear nei Campen wei fertrok.

Twa stoarmfloeden yn 'e 16e iuw, de Sint-Feliksfloed op 5 novimber 1530 en de Alderheljenfloed op 2 novimber 1532, besochten Noard-Bevelân, en dêrby ferdwûn ek Campen yn 'e weagen. Sûnt 1598 waard Noard-Bevelân wer ynpoldere. Nei it bedykjen fan 'e Heer-Janszpolder yn 1699 waard op it plak fan it âlde Campen it hjoeddeiske Kamperland stifte, as lêste fan 'e weropboude Noard-Bevelânske plakken. Oars as Colijnsplaat, Kats, Kortgene, Geersdijk en Wissenkerke waard Kamperland net planmjittich oanlein.

Sûnt de sluting fan 'e Zandkreekdam (1960) en de Veerse Gatdam (1961) leit Kamperland oan 'e Fearske Mar. Fan maaie oant septimber wurdt der noch hieltyd in fearferbining op Feare ûnderhâlden, al is dy allinnich foar fuotgongers en fytsers. Fan lânboudoarp hat it plak him stadichoan ûntwikkele ta toeristesintrum, mei ferskate bungalowparken en campings.

By Kamperland leit it Havenkanaal, in farwei dy't de twa jachthavens ferbynt mei de Fearske Mar.

Kategory:Plak op Noard-Bevelân