Kats is in doarp en in eardere gemeente yn it súdeasten fan Noard-Bevelân. Kats hat 445 ynwenners (2026).

Skiednis De âldste fermelding fan it doarp datearret út de 10e iuw. It gyng nei alle gedachten om in plak dêr't omreizgjende skieppehoeders tydlik bleaunen. Yn 'e midsiuwen waard Kats oars neamd, nammentlik Suburchdike; it soe nauwe bannen mei Souburg hân hawwe. It moat in doarp fan oansjen west hawwe, mei in haven en in kastiel. Kats tsjinne as in sintraal sammelplak foar troepen. As de lânhear dy nedich hie, moasten de dêrta oproppen bewenners harren dêr melde. Foar de Siuwske en Hollânske eilannen soe it yn 1050 om 1500 man gean dy't har yn Kats melde moasten; yn 1298 gie it om it dûbele oantal. Kats tsjinne sûnt 1300 ek as plak dêr't de greve en de wichtichste Siuwske eallju by inoar kamen om te praten oer finansjele saken. By it doarp stie it kastiel fan Kats, dêr't de wichtige famylje Van Kats residearre.

It doarp hie te lijen fan oerstreamings. Yn 1334 briek de seedyk, wêrby't nei alle gedachten it doarp ferwoastge waard. It doarp waard ynlânsk wer opboud. By in stoarmfloed op 5 novimber 1530 ferdwûn hiel Noard-Bevelân yn 'e weagen. Yn Kats kamen 150 minsken om. Yn 1532 ferneatige de Alderheljenfloed hast alle bebouwing fan Noard-Bevelân. thumb|left|It doarp Kats op Noard-Bevelân (Atlas Schoemaker, 1710-1735). Earst yn 1598 waard in part fan Noard-Bevelân wer ynpoldere, en waarden de doarpen Colijnsplaat en Kats neffens in plan mei heaks rinnende kavels opboud. De namme komt nei alle gedachten fan 'e famylje mei deselde namme, dy't yn in oarkonde út 1209 as Caths neamd wurdt. Troch û.o. in pestepidemy yn 'e jierren 1603 oant 1605 en in twadde yn 1650 groeide it doarp mar stadich, mar yn 1629 stie der al in mûne. Yn 1659 wennen der genôch minsken foar in eigen herfoarme gemeente. De earste dûmny wie Johannes Jones. Lykas mear bewenners fan Noard-Bevelân, wie Jones berne yn Ingelân. Yn 1687 folge yn Kats de bou fan in tsjerke.

Yn 1922 waard de mûne op 'e dyk by Kats ôfbrutsen. Yn 'e jierren 1930 waard praat oer in bestjoerlike weryndieling en yn 1941 waarden Colijnsplaat, Kats en Kortgene gearfoege yn 'e gemeente Kortgene. Yn 1998 fierde Kats it 400-jierrich bestean. Tsien jier letter folge yn 2008 it 800-jierrich bestean; it gyng doe ek om de oare plakken dêr't Kats lein hie.

Ekonomy It doarp hat in jachthaven. Foar de bou fan 'e Seelânbrêge waard by Kats in wurkhaven oanlein mei twa grutte portaalkranen, dêr't de brêge-eleminten boud waarden. De eardere wurkhaven is no yn gebrûk as op- en oerslach fan in boubedriuw. By Kingfish Zeeland wurde gielsturtfisken op it lân kweekt. De fisken wurde yn grutte bakken grutbrocht; yn 2017 waard de earste kweekfisk ferkocht.

Omjouwing Yn 'e Easterskelde by Kats leit it natoerreservaat Katseplaat. It is eigendom fan 'e Feriening ta Behâld fan Natuermonuminten. By Kats leit in lânskiptún fan fjouwer hektare mei mear as tûzen soarten roazen; de Siuwske Roazetún.

Kategory:Plak op Noard-Bevelân Kategory:Eardere gemeente yn Seelân