Geersdijk (Siuwsk: Heersdiek) is in doarp yn 'e Nederlânske gemeente Noard-Bevelân. It doarp hie yn 2026 373 ynwenners. De namme stamt fan 'e foarnamme Geerlof. Oant 1995 hearde it doarp by de eardere gemeente Wissenkerke.
Skiednis It doarp Gerolfsdijk wie al yn 1216 in selsstannige parochy.
Kastiel Yn 1300 besieten de hearen fan Geersdijk it gebiet. Yn 1387 ferkochten leden fan de famylje Van Haemstede it kastiel en de hearlikheid Geersdijk oan 'e abdij fan Middelburch. Yn 'e byhearrende oarkonde waard it kastiel oantsjut as it 'stienhûs te Geerolfsdijk'. It is ûnbekend wêr't it kastiel stien hat en wannear't it ferdwûn is.
Oerstreamings Op 5 novimber 1530 oerstreamde de Sint-Feliksfloed hiel Noard-Bevelân en yn 1532 barde dat nochris. Alle doarpen, wêrûnder Geersdijk, ferdwûnen yn 'e weagen. It is ûnbekend wêr't it midsiuwske Geersdijk krekt lein hat.
Nij doarp Mei it op 'e nij ynpolderjen fan Noard-Bevelân waard yn 1598 útein set. Yn 1668 waard, nei it bedykjen fan 'e Geersdijkpolder, súdwestlik fan it âlde Geersdijk it hjoeddeiske doarp opboud neffens in grûnplan mei heaks rinnende kavels. Yn 1808 waard wat súdlik fan Geersdijk in haventsje oanlein. Dat waard brûkt foar it ferfieren fan lânbouprodukten en foar in oerset nei Súd-Bevelân. Om 1850 hinne waard dy oerset opheft. It haventsje is hjoed-de-dei yn gebrûk as flechthaven. Nei de Wettersneedramp fan 1953 waard it doarpshûs fan Geersdijk weropboud mei jild fan 'e provinsje Drinte. It wurdt dêrfandinne it Drintehûs neamd.
Hearlikheid Geersdijk wie yn 'e midsiuwen al in hearlikheid. Yn 'e 16e iuw wie dizze eigendom fan de famylje Van der Hooghe van Borssele; letter kaam de hearlikheid yn it besit fan 'e famylje Parker van Parker de Ruyter Rocher van Renais en yn 'e 19e iuw foar in part yn it besit fan 'e famylje Vader. Sûnt de 20e iuw wie de hearlikheid Geersdijk foar in part yn it besit fan 'e famylje Barkey Wolf.
Kategory:Plak op Noard-Bevelân