Kortgene (Siuwsk: Kortjeen) is in stêd en eardere gemeente op Noard-Bevelân, yn 'e Nederlânske provinsje Seelân. It oantal ynwenners fan Kortgene is 2.182 (2026).
Skiednis Kortgene wurdt foar it earst yn 1247 as parochy fermeld. De oan Marije wijde tsjerke hearde ta it Sint-Piterkapittel fan Utert. Filips fan Borssele joech it plak yn 1413 stedsrjochten en liet stedsmuorren, in kastiel en in nije tsjerke bouwe, mar by de brân fan 1423 waarden doarp en tsjerke folslein yn 'e jiske lein. De ynwenners bouden it plak wer op en yn 1431 kaam de fermelding “die stede van Cortkene” foar it earst op papier. Sûnt 1418 wie Kortgene in hege hearlikheid. thumb|left|Nij- en âld Kortgene fan nei en foar 1530 (tekening út 1696). Op 5 novimber 1530 waard hiel Noard-Bevelân troch de Sint-Feliksfloed troffen en yn 1532 barde dat nochris. Hast alle bebouwing waard ferneatige; útsein de tsjerketuorren fan Kortgene en Wissenkerke. Ek it kastiel Kortgene waard fan 'e kaart reage.
Yn 1598 waard op 'e nij mei it ynpolderjen fan Noard-Bevelân útein set. Yn 1684 folge ek it gebiet by Kortgene. De âlde tsjerketoer stie der nei 150 jier noch jimmeroan en by de âlde toer waard in nij skip oanboud. Nei de werbou krige it plak op 'e nij stedsrjochten, mar it plak soe nea wer stedske alluere krije en likemin stedsmuorren.
Om 1930 hinne begûn in diskusje oer de gemeentlike weryndieling. Yn 1941 waarden Colijnsplaat, Kats en Kortgene gearfoege ta de gemeente Kortgene. Dizze gyng yn 1995 op yn 'e gemeente Noard-Bevelân.
Gebouwen thumb|left|Nôtmûne "De Korenbloem". Yn 'e toer fan 'e Nikolaastsjerke hinget de Suzanne-klok, dy't yn 1674 fan it Frânske eilân Noirmoutier stellen wie. Yn' e Twadde Wrâldkriich foarderen de Dútsers de klok, mar nei de befrijing kaam de klok as iennichste fan 'e Noard-Bevelandse klokken, werom.
Yn 1873 waard in nôtmûne "De Korenbloem" boud. De mûne waard yn 2010/2011 yngreven restaurearre.
Rekreaasje Yn en om Kortgene binne ferskillende rekreaasjemooglikheden. It stedsje hat in haven.
Kategory:Plak op Noard-Bevelân Kategory:Eardere gemeente yn Seelân