Lamswaarde is in doarp yn Siuwsk-Flaanderen yn Nederlân. It doarp hat 561 ynwenners (2026).

Bestjoer Sûnt de gemeentlike weryndieling fan 1 jannewaris 2003 makket it doarp diel út fan 'e gemeente Hulst; foarhinne wie Lamswaarde altyd in part fan 'e gemeente Hontenisse. By Lamswaarde leit de buorskip Roverberg.

Skiednis Ald-Lamswaarde ûntstie oan it begjin fan 'e trettjinde iuw as úthof fan 'e Flaamske abdij fan Boudelo, in sistersjinzer abdij. Dy úthof waard tsjin 'e ein fan 'e sechstjinde iuw yn 'e Tachtichjierrige Kriich ferneatige. Nei 1615, doe't de Oostvogelpolder op 'e nij yndyke waard, ûntwikkele it hjoeddeiske Lamswaarde him tichteby dy âlde lokaasje. De Boudeloodyk en de Boudeloohoeve binne noch oantinkens oan dy midsiuwske sitewaasje. Oan dy tiid hat it – fan oarsprong foar in grut part katolike – Lamswaarde ek syn bynamme te tankjen: It Hillige Lân. thumb|left|Kornelistsjerke. Yn 1686 waard yn it doarpke in skuorretsjerke boud. Dy waard betsjinne troch paters dy't út De Klinge krekt oer de grins yn Belgje ôfkomstich wiene. Yn 1809 waard Lamswaarde in selsstannige parochy en it tsjerkje waard in parochytsjerke; yn 1810 waard dêr in tuorke op boud. Al yn 1845 wiene der klachten dat it tsjerkje fierstente lyts wie, want mannich parochiaan wie net yn steat om te knibbeljen en der moasten noch altiten in soad minsken yn 'e iepen loft bliuwe.

Yn 1854 kaam der in nije pastorije, mar yn 1871 wie der genôch jild ynsammele en begûnen se mei de bou fan 'e hjoeddeistige roomsk-katolike Sint-Korneliustsjerke, dy't yn 1873 troch de deken fan Hulst ynwijde waard.

Yn 'e earste helte fan 'e njoggentjinde iuw bestiene de minsken fan lânbou en turfstekkerij.

It besjen wurdich De neffens in ûntwerp fan P. Soffers boude Sint-Korneliustsjerke út 1873 is in neogoatyske bakstiennen pseudobasilikale krústsjerke. It haadalter en de preekstoel datearje fan 1910. By de tsjerke stiet in Hillich Hertbyld út 1920. thumb|left|Fransiskanessengesticht. Yn 1926 stiften de Fransiskanessen fan Etten yn Lamswaarde it Teresiagesticht oan 'e Achterstrjitte 27, dêr fjirtjin nonnen wennen dy't de soarch hiene foar in beukerskoalle en in legere famkesskoalle. It gebou is útfierd yn in sobere ekspresjonistyske styl.

Dêrnjonken binne der noch de folgjende monuminten:

In hurdstiennen doarpspompe út 1886 by de J. de Waalstrjitte 19. De pleats oan 'e J. de Waalstrjitte 9 mei in wenhûs en in betegele keamer út 1834, In bakhûs dat nei alle gedachten út de 18e iuw stamt. De Marijekapel oan 'e Boudeloodyk út 1992 ferfong in kapel dy't dêr fan 1950 oant 1964 stien hat.

Kategory:Plak yn Hulst