Kloosterzande is in doarp yn 'e gemeente Hulst yn 'e Nederlânske provinsje Seelân. Oant de gemeentelike weryndieling fan 1 jannewaris 2003 wie Kloosterzande it bestjoerlik sintrum fan 'e gemeente Hontenisse. Kloosterzande hat 3.211 ynwenners (2026).

Skiednis Kloosterzande is stifte troch muontsen fan 'e abdij fan Us-Leaffrouwe Ten Duinen út Koksijde, dy't yn 'e 12e iuw in úthof stiften: Hof te Zande. Dizze muontsen spilen in wichtige rol by it bedykjen fan it lân fan Hulst. Yn 'e Tachtichjierrige Kriich waard de úthof fernield. De namme fan it doarp en fan 'e sintrale 'Cloosterstraat' ferwize nei de ûntsteansskiednis.

Monuminten De herfoarme tsjerke datearret út it midden fan 'e 13e iuw en is oarspronklik troch de muontsen fan 'e abdij fan Us-Leaffrouwe Ten Duinen as kleasterkapel boud. It tichteby lizzende Pand Collot út 1868 is boud troch de aadlike famylje Collot d'Escury. Fertsjintwurdigers fan dy famylje spilen in wichtige rol yn 'e lokale skiednis: as rintmaster fan it kroandomein, as boargemaster fan Hontenisse en as keamerhear fan 'e keninginne. Oant 2006 makke it gebouw diel fan it gemeentehûs.

Yn Kloosterzande stiet fierder in standermûne út 1744.

De katolike Sint-Martinustsjerke waard yn 2012 restaurearre. In earder tsjerkegebou dat yn 'e Noorddijkpolder stie waard ein sechtjinde iuw, nei alle gedachten troch wettergeuzen, ferneatige.

Op it tsjerkhôf fan Kloosterzande lizze in oantal Britske oarlochsgrêven.

Natoer Kloosterzande leit yn in poldergebiet op in hichte fan likernôch 1 meter boppe NAP. Súdlik fan Kloosterzande leit it natuergebiet De Grote Putting, dêr't de âlde lânyndieling noch yntakt bleaun is.

Yn novimber 2022 waard mei stipe fan 'e gemeente op in stik braaklizzende grûn midden yn it doarp in minibosk fan 2300 beammen op 5000 m² oanplante om sawol biodiversiteit as rekreaasje te befoarderjen.

Ofbylden

Kategory:Plak yn Hulst