Flissingen (Nederlânsk en offisjeel: Vlissingen, Siuwsk: Vlissienge) is in stêd yn 'e gemeente Flissingen yn 'e Nederlânske provinsje Seelân.

Flissingen leit oan 'e noardkant fan 'e Westerskelde op Walcheren. De stêd Flissingen telt likernôch 34.000 ynwenners, en krige yn 1315 stedsrjochten. Dat jier wurdt as it begjin fan it gemeentlik bestjoer beskôge.

Skiednis Flissingen waard tsjin 'e ein 'e 12e iuw foar it earst neamd en krige yn 1315 stedsrjochten. Eastlik fan 'e stêd waard yn 1547 it fort Rammekens boud foar strategyske doelen. De stêd makke opgong troch de hearringhannel en de sâltwinning, mar ek troch de Kaapfeart en de transatlantyske slavehannel fan reders. Kening Filips II fan Spanje, hear fan 'e Nederlannen, gyng yn 1559 yn Flissingen oan board nei Spanje, om nea wer in foet op Nederlânske grûn te setten. As ien fan 'e earste Nederlânske stêden kaam Flissingen yn 1572 yn opstân tsjin de Spaanske hearsker. thumb|left|Fregatten op 'e weromreis nei it fort Rammekens. Yn 1573 slagge in geuzenfloat yn 'e Slach by Flissingen der yn om in kanonnebombardemint op 'e stêd troch de Spaanske Armada op te kearen. Flissingen waard yn 1585 mei Brielle en fort Rammekens troch Willem fan Oranje oan keninginne Elizabeth I ferpâne as skeafergoeding foar it jild dat lient wie en de militêre help foar de kriich. Oant 1616 holden de Ingelske troepen de stêden beset. Doe wie de skea fergoede en waarden de plakken oerdroegen oan 'e Republyk.

By it ûndertekenjen fan it Ferdrach fan De Haach yn 1795 waard besletten dat Frankryk in garnizoen militêren yn Flissingen mocht legerje. De havens mochten ynearsten troch sawol Frankryk as Nederlân brûkt wurde. Op 11 novimber 1807 tekene kening Loadewyk Napoleon (de broer fan 'e keizer) in ferdrach (by Fontainebleau) wêrby't er Flissingen oerdroech oan Frankryk. De stêd waard op dat stuit in Frânsk militêr distrikt. De havens mochten ynearsten troch sawol Frankryk as Nederlân brûkt wurde. Op 16 maart 1810 waard in nij ferdrach (ek wer by Fontainebleau) sletten, wêrby't de rest fan Seelân (en de rest fan it Keninkryk Hollân) troch Frankryk anneksearre waard.

Yn 1809 lannen by de Napoleontyske oarloggen Britske troepen op Walcheren en waard Flissingen besingele. Ynearsten wiene de besjittings net sa swier, mar twa dagen letter waarden 1100 kanonnen ynset. In soad gebouwen rekken skeind, it bekendste gebou dêrûnder wie it stedhûs op 'e Grote Markt. De besjittings fan 'e stêd troch de Ingelsen hie fan gefolgen dat Flissingen útwreide waard ta fêstingstêd. Flissingen krige oan 'e kant fan it lân in grêft en om de stêd hinne waard in rige forten oanlein. Ek oan 'e kant fan 'e see waard de stêd fersterke, dêr't oant hjoeddedei resten fan te sjen binne. Doe't de Frânsen yn 1814 de stêd ferlieten wie Flissingen yn in deade stêd feroare. thumb|260px|left|Binnenhaven. Yn 'e jierren 1930 woe de boargemaster fan Flissingen de ekonomy fan 'e stêd befoarderje troch toerisme, in haven en yndustry. Foar dat doel wie yn 'e jierren 1920 al in fleanfjild oanlein yn it noarden fan Flissingen. De havens waarden útwreide en Flissingen waard as baaiplak op 'e kaart set. Ek waarden in strân en in pier oanlein. De pier waard yn 'e Twadde Wrâldkriich yn opdracht fan 'e besetter wer ôfbrutsen om sa in Alliearde lanning tefoarren te kommen. Yn oktober 1944 kaam Flissingen yn it ramt fan 'e ynundaasje fan Walcheren ûnder wetter te stean. Foar dat Alliearde plan waarden ferskate diken bombardearre en rûn it grutste part fan Walcheren ûnder wetter. De Dútske fersterkings waarden swakker en de Alliearde krêften krigen in bettere tagong ta de Skelde en de haven fan Antwerpen.

Skipfeart en skipsbou hawwe altiten fan grutte betsjutting west foar Flissingen. Yn 'e rin fan 'e tiid wie de skipswerf "De Schelde" hieltiten grutter wurden. De bou fan nije en grutte fabrykshallen makke it ôfbrekken fan in grut diel fan 'e histoaryske binnenstêd needsaaklik. Doe't "De Schelde" nei 120 jier ferhûze nei it nije havengebiet Flissingen-East, liet it bedriuw in grut gat yn 'e stêd efter. It gebiet is opkocht troch de gemeente om dêr in nijbouwyk del te setten, mar de kredytkrisis soarge der foar dat it projekt in tige dreech ferrin krige, sadat it de gemeente op 'e râne fan de finansjele ôfgrûn brocht.

Namme Der bestiet in ferhaal dat Sint-Willibrord yn 'e 7e iuw yn Flissingen oankaam mei in flesse. Hy dielde de ynhâld fan 'e flesse mei de bidlers en besocht har te bekearen. Mar lykas mei de bibelske Wûndere Spiziging woe de flesse net leechreitsje. Doe't de biskop fernaam dat de bidlers net harkje woene nei syn boadskip joech er de flesse wei en neamde er it plak "Flessinghe".

In oare boarne wol ha dat de namme fan in âld fearhûs stamt mei in flesse oan 'e gevel. De muonts Jakob fan Dreischor, dy't it plak yn 967 besocht, joech doe it fearhûs "it fear oan de flesse". Om't in soad plakken yn dy tiid it efterheaksel -inge krigen, ferbastere de namme letter nei Vles-inge.

It besjen wurdich thumb|Finzenistoer. Flissingen is ryk oan monuminten en ien fan 'e 17 beskerme steds- en doarpgesichten yn Seelân. Yn 'e simmermoannen binne der in soad toeristen. It âlde sintrum telt sa'n 300 monuminten.

Monuminten (kar-út) De Grutte- of Sint-Jakobustsjerke út 1308-1328 It beursgebou op it Beursplein (1635) Jugendstil-loadshûzen oan 'e Spuistraat It Fort Rammekens Keizersbolwurk (1548, útwreide yn 'e Frânske tiid) mei it stânbyld fan Michiel de Ruyter Finzenistoer oan 'e bûlevard (16e iuw; eartiids ûnderdiel fan 'e Westerpoarte) It Arsenaal Napoleontyske festingwurken oan 'e Commandoweg Oranjemûne oan 'e Oranjedijk

Troch de lizzing oan 'e Skelde en it drokke skipferkear is Flissingen in fleurige en libbene stêd.

Musea Siuwsk Maritym muZEEum Reptielenzoo Iguana (opfangpark foar reptilen en amfibyen) It Arsenaal (attraksjepark)

Kategory:Plak yn Flissingen