Filippine (Nederlânsk en offisjeel Philippine) is in stedsje yn 'e gemeente Terneuzen. It leit yn Siuwsk-Flaanderen yn 'e Nederlânkse provinsje Seelân.

Skiednis It plak waard yn 1505 stifte troch de lânhear Hieronymus Lauweryn en dy ferneamde it nei Filips I. Der waard in fort boud mei in trijehoekich merkplein. Yn 1599 waard der in haven oanlein en it plak libbe fan 'e fiskerij. Filippine waard yn 1633 troch de Republyk fan de Sân Feriene Nederlannen ynnommen. thumb|left|Loftfoto fan Filippine fan foar de Twadde Wrâldkriich. Yn 1924 krige Filippine de nije Marije-Himelfearttsjerke as ferfanging fan 'e âldere tsjerke, dy't no in supermerk is. It is in monumintale koepeltsjerke mei in fjouwerkante toer oan 'e sydkant. De tsjerke waard yn 1944 yn 'e Twadde Wrâldkriich ferneatige en yn 1954 wer opboud, mar wurdt sûnt 2024 net mear brûkt.

Filippine is bekend wurden om syn mokselrestaurants. Op it doarpsplein stiet in fontein yn 'e foarm fan in moksel. It doarp waard nei 1939 it sintrum fan 'e mokselfiskerij troch de komst fan fiskers út it Belgyske doarp Boekhoute om't de rivier dêr langer net te befarren wie.

De eardere wâlen en fêstinggrêften binne yn 'e rin fan de tiid hast hielendal ferdwûn. Troch útwreiding fan it doarp, it oanlizzen fan diken en de moderne bou binne de ferdigeningswurken foar it grutste part ôfgroeven of tichtsmiten. Doe't in ynwenner yn 2023 syn tún ôfgroef om in fiver oan te lizzen, waard by dat wurk in metersheeech, 18e iuwsk stik muorre fan 'e fêsting ûntdutsen.Universiteit Utrecht, 17 oktober 2023.

Bestjoerlike yndieling Oant 1970 wie Filippine in selsstannige gemeente. Yn dat jier waard it plak gearfoege mei Sas van Gent. Yn 2003 waard it in diel fan 'e gemeente Terneuzen.

Ofbylden

Kategory:Plak yn Terneuzen Kategory:Eardere gemeente yn Seelân