Biervliet is in stedsje yn 'e gemeente Terneuzen yn 'e Nederlânske provinsje Seelân. Biervliet krige al foar 1183 stedsrjochten en hie yn 2026 1.635 ynwenners.
Skiednis De âldste fermelding fan Biervliet is út 984 (Fluvium Berverna). De namme Bierfletum (1075) ferwiist nei in "bierkleurige" (dridzige) wetterrin, of mooglik nei de bever.
Biervliet hearde by de Fjouwer Ambachten. Sûnt 1102 wie it ûnderdiel fan Ryks-Flaanderen, wylst de buorgemeente IJzendijke Frânsk wie. De stêd krige mei oare havenstêden (lykas Damme en Dúntsjerk) foar 1183 stedsrjochten fan greve Filips fan de Elzas.
Yn 'e 13e ieu wie Biervliet in bloeiende hannelsstêd mei fiskerij, sâltwinning troch feanôfgraving en lekkenyndustry. Biervliet wie ekonomysk sterk op Gint oriïntearre; dêrom makke de stêd gjin diel út fan 'e Hânzemienskip dy't troch Brugge laat waard. Sâltwinning troch feanferbrâning ferswakke de diken en feroarsake oerstreamings (1375, 1404), sadat de stêd op in eilân kaam te lizzen. Dêrmei einige de hannel mei Flaanderen. thumb|left|De yn 1660 boude protestantske tsjerke fan Biervliet. Yn 1516 ferlear Biervliet de selsstannigens. Nei de besetting troch de wettergeuzen (1573) kaam it yn 1588 ûnder Steatsk bewâld. Tusken 1590 en 1604 waard in stjerfoarmich fort oanlein. Yn 1643 krige de stêd in eigen magistraat en yn 1660 waard yn it fort in herfoarme tsjerke boud. Troch yndikingen (1688, 1702) waard it eilân wer mei it fêstelân ferbûn en oant 1907 waarden nije polders oanmakke. De boeren moasten oant 1794 tsienden (belesting yn natura) ôfstean oan 'e ferneamde dichter Jacob Cats en syn neiteam, dy't it rjocht hiene op in part fan 'e rispinge. Oant de meganisaasje bleau Biervliet in agrarysk doarp.
Yn it ramt fan 'e Slach om de Skelde waard fûleindich fochten om Biervliet en fan 8 oant en mei 11 oktober 1944 waard it doarp swier troffen troch kriichsgeweld en bombardeminten. De befrijing yn 1944 troch Kanadeeske troepen koste 64 boargers it libben.
By de gemeentlike weryndieling fan 1970 gyngen Biervliet en dielen fan 'e omlizzende polders op yn 'e gemeente Terneuzen (de rest gyng nei de gemeente Sluis).
Polders De Paulinapolder ûntstie yn 1845 troch yndiking fan kwelders troch de famylje Thomaes en de Steat. Op in ferhege plak stie 'It Paviljoen'. De Paulinahaven wie in tijhaven foar lânbouprodukten, dy't om 1970 ferdwûn troch de deltadyk.
De Beukelspolder út 1804 hjitte earst de 'Nij Biervlietske polder' en is ferneamd nei Willem Beukelszoon, de útfiner fan it hjerringkaken.
De Elisabethpolder út 1866) waard ferneamd nei Elisabeth van Remoortel, de frou fan 'e bediker Jacobus Thomaes.
It besjen wurdich thumb|left|Doarpshûs 't Trefpunt. Nôtmûne De Harmonie: dizze stellingmûne waard yn 1842 troch Jacob Lijbaart boud as oaljemûne. Letter is de mûne ferboud ta bultmûne foar it meallen fan nôt. It Oude Raedthuys (1806) is it eardere stedhûs, it waard letter in kafee en it docht no tsjinst as it doarpshûs 't Trefpunt. De herfoarme tsjerke waard yn 1660 boud yn 'e omwâling fan it eardere fort. Yn 'e tsjerke wiene oarspronklik trije kostbere brânskildere ramen oanwêzich, makke troch de Middelburchske glesker Cornelis van Barlaer, wêrfan't de ôfbyldings hjoed-de-dei noch te sjen binne yn it Trefpunt. Njonken de protestantske tsjerke hat Biervliet ek in katolike tradysje, mar dy tsjerke is sûnt 2015 net mear as tsjerke yn gebrûk en ferboud ta hotel. Yn it Trefpunt stiet stiet in grutte makette (skaal 1:300) fan Biervliet, makke troch frijwilligers yn 2000. Yn 'e byhearrende seal steane ferljochte fitrines mei ôfbyldings fan 17e-iuwske brânskildere ramen fan Cornelis van Barlaer. Sûnt 1978 betinkt it Befrijingsmonumint Paulinapolder fan 'e keunstner Ernest Joachim de Kanadeeske befrijders.
Galery
Bekende ynwenners Willem Beukelssoan - útfiner fan it hjerringkaken
Kategory:Plak yn Terneuzen Kategory:Eardere gemeente yn Seelân