Borssele is in doarp yn 'e gemeente Borsele op it skiereilân Súd-Bevelân yn 'e Nederlânske provinsje Seelân. It doarp hat 1459 ynwenners (2010) en is dêrmei ien fan de middelgrutte kearnen fan de gemeente.

Skiednis en beskriuwing thumb|left|Berg van Troje. It doarp is ien fan 'e santjin beskerme doarpssichten fan 'e provinsje. Yn it doarpsgebiet leit de terp Berg fan Troje, dêr't ea in kastiel stien hat. De motte waard om 1100 hinne opsmiten. It kastiel rekke yn 'e 16e iuw troch de stoarmfloeden yn it neigean.

It oarspronklike doarp dat bekend stie as Monster is yn 'e 16e ieu en benammen yn 'e jierren 1522, 1530 en 1532 folslein yn 'e see ferdwûn. Yn 1616 waard der úteinset mei it bedykjen fan 'e saneamde 'Borselse polder'. Borssele krige in rjochthoekich strjittepatroan, dat yn it ferline taskreaun waard oan Simon Stevin. Undersyk wiisde út dat Cornelis Soetwater it strjittepatroan ûntwurp. It is it iennige Nederlânske doarp dat sa oanlein waard.

De noch jimmeroan besteande nôtmûne De Hoop & Verwachting waard yn 1714 boud.

Alde nammen fan it doarp wiene eartiids Berselre, Brumsale, Brinsilla en Borsale. Yn 'e 19e iuw feroare de stavering nei Borsele of Borselen.

Tsjerklik libben Borssele is in tige tsjerklik plak. In grut part fan 'e befolking is lid fan 'e Grifformearde Gemeente. By de riedsferkiezings fan 2026 helle de SGP mei 66,4% de mearderheid fan stimmen yn it doarp.Gemeente Borssele

Kearnsintrale Noardwestlik fan Borssele stiet de nei it doarp ferneamde kearnsintrale Borssele en de Centrale Opslag Voor Radioactief Afval (COVRA). Tichteby de kearnsintrale komme de elektrisiteitskabels fan Wynpark Borssele oan lân en giet de energy oer it heechspanningsstasjon it lanlik netwurk op.

Berne yn Borssele Hans Warren (20 oktober 1921), skriuwer en dichter

Ofbylden

Kategory:Plak yn Borsele Kategory:Eardere gemeente yn Seelân