s-Heerenhoek (Siuwsk: Seêrenoek) is in doarp yn 'e gemeente Borsele yn 'e provinsje Seelân. Oant 1970 wie 's-Heerenhoek in selsstannige gemeente. Yn it doarp wenje 2.027 minsken (2026).

Skiednis It doarp is ûntstien nei it ynpolderjen fan 'e Borsselepolder yn 1616. Yn it earstoan ûntwikkele it lytse doarp him binnen de Borsselepolder, mar letter kaam der ek bebouwing yn 'e oanbuorjende Kraaijertpolders. It buorskip krige de namme Calishoeck, wat plak fan 'earme stakkers' of 'dykwurkers' betsjut. Sûnt 1700 waard dy namme stadichoan ferfongen troch 's-Heerenhoek. thumb|left|De herfoarme tsjerke fan 's-Heerenhoek stiet hjoed-de-dei yn Arnhim. Yn 1672 waard yn Calishoeck in herfoarme tsjerke boud. It wie doe al in 'folslein' doarp mei herbergen, in mûne, in tsjerke en in skoalle, mei winkellju en ambachtslju. Op 11 maaie 1687 fermoarde de herfoarme dûmny fan it doarp, Jacobus de Cliever, syn kollega Nicolaas van de Velde, dy't dûmny wie yn it tichteby lizzende doarp Driewegen. De herfoarme tsjerke fan 's-Heerenhoek waard yn 1988 nei it Nederlânsk Iepenloftmuseum yn Arnhim ferpleatst.

's-Heerenhoek jildt fan âlds as in katolyk bolwurk yn in benammen protestantske omjouwing, hoewol't it doarp pas nei 1850 foar it grutste part katolyk waard. Nei't Willem fan Oranje en syn Wettergeuzen hiel Seelân yn hannen krigen hiene, waard op 15 april 1576 it katolisisme ferbean. Dat ferbod waard yn 1583 noch fierder oanskerpe. Dy sitewaasje hold oan oant de Frânske besetting, dy't Nederlân ûnder oare frijheid fan godstsjinst brocht. As gefolch fan dat ferbod waarden de katolike earetsjinsten yn 'e polders fan Súd-Bevelân yn 'e 17e en 18e iuw yn it geheim holden yn ferskate pleatsen bûten de doarpen.

Om 1710 hinne wiene der yn 's-Heerenhoek mar sa'n 40 katoliken op in totale befolking fan neffens rûzing 300 minsken. Yn ferskate oare doarpen yn 'e omkriten, lykas Borssele, 's-Gravenpolder en Kapelle, dy't letter hast folslein protestantsk waarden, wennen doe yn ferhâlding mear katoliken as yn 's-Heerenhoek. Mar nei de machtswiksel fan 1795 waard de frijheid fan godstsjinst in feit. Fuortendaliks waard yn 's-Heerenhoek in roomsk-katolike staasje stifte en kaam der twa jier letter in eigen tsjerkegebou. Dochs wiene de katoliken yn it doarp doe noch net yn 'e mearderheid.

Sûnt 1874 stiet midden yn it doarp de neogoatyske roomsk-katolike Sint-Willibrordustsjerke. Al yn 1854 wie der in katolike legere skoalle, nei dy fan Volendam de twadde yn Nederlân. Tsjintwurdich is it grutste part fan it doarp katolyk, hoewol't de Sint-Willibrordustsjerke sûnt 2023 bûten gebrûk steld is.

Karnaval Yn 'e karnavalstiid wurdt 's-Heerenhoek omneamd ta Paerehat. Oars as by in soad oare plakken hat dy namme in dúdlike oarsprong. Oan 'e westkant fan 's-Heerenhoek lei eartiids in grutte stream, by it plak dêr't no de hânbôgesjitgreide is. Dêr waarden deade hynders yn smiten, om't dat makliker wie as se te begraven. Sa krige de stream stadichoan de namme it Paerehat (Ned. paardengat). Tsjintwurdich is de stream hast hielendal tichtsmiten, mar de wettergong dy't der noch leit draacht noch jimmeroan de namme Paerehat.

Kategory:Plak yn Borsele Kategory:Eardere gemeente yn Seelân