Ovezande is in doarp en eardere gemeente (oant 1970) yn 'e gemeente Borsele yn 'e Nederlânske provinsje Seelân. It doarp leit op it súdlik diel fan skiereilân Súd-Bevelân en hat 1.243 ynwenners (2026).

Skiednis Ovezande ûntstie om 1324 hinne op in eilân dat troch in kweldergebiet omjûn wie. Yn 1340 waard it eilân troch in dyk ferbûn mei in polder by Oudelande. Foar in hiel skoft bleau dy dyk de iennige ferbining tusken Ovezande en de rest fan Súd-Bevelân.

It wapen fan Ovezande bestiet út in swarte O boppe in fazant. It folksferhaal wol hawwe dat hjirmei de namme fan it doarp útbylde wurdt. As O-fazant hiel fluch útsprutsen wurdt, klinkt it as "Ovezande". Dizze namme is lykwols ûntstien om't it doarp eartiids allinnich by leechwetter te berikken wie, sadat besikers oer it sân gean moasten.

It doarp is ekonomysk sterk ôfhinklik fan 'e omlizzende plakken Heinkenszand en Goes, om't der yn it doarp sels net genôch foarsjennings binne om yn it ferlet fan 'e ynwenners te foarsjen. Wol hat it doarp in eigen supermerk, bakker, snackbar en kafee.

It doarp lûkt alle jierren tûzenen besikers mei it evenemint Klomppop (in popfestival fan trije dagen mei in strjitte-teätermiddei op snein), dat yn it lêste wykein fan maaie holden wurdt.

In eintsje bewesten it doarp stiet de monumintale nôtmûne "De Blazekop", dy't yn 2011 restaurearre is. De Us-Leaffrouwe Himelfearttsjerke is de katolike tsjerke. De protestantske tsjerke is net mear as tsjerke yn gebrûk. Protestanten binne hjoed-de-dei by de protestantske gemeente fan it buordoarp Driewegen oansletten.

Keppeling om utens Hiemside Klomppop

Ofbylden

Kategory:Plak yn Borsele Kategory:Eardere gemeente yn Seelân