Goes is in stêd op it eardere eilân Súd-Bevelân. It plak leit sintraal yn 'e Nederlânske provinsje Seelân. De stêd Goes hat sa’n 29.995 ynwenners (2026). Goes is it haadplak fan 'e gemeente Goes.
Skiednis thumb|left|Kastiel fan Goes. Goes ûntstie yn 'e 10e iuw oan in streamke, de Korte Gos. It doarp groeide fluch; yn 'e 12e ieu wie der al in merkplein en in oan Marije Magdalena wijde tsjerke. Yn 1405 krige Goes stedsrjochten fan greve Willem VI, en yn 1417 krige de stêd tastimming foar stedsmuorren en in grêft. De wolfeart kaam út de lekkenyndustry en sâltwinning. Yn 'e 16e iuw gie it minder: de ferbining mei de see fersâne en yn 1554 ferneatige in grutte stedsbrân it noardwestlike diel fan 'e stêd.
Reformaasje en oarloch thumb|left|De fêsting Goes. Begjin 1572 namen de Spanjerts de stêd yn. De gûverneur fan Walcheren besocht de stêd werom te feroverjen, mar dat mislearre troch tekoarten. Yn 1577 ferlieten de Spanjerts Goes en foege de stêd him by de Prins fan Oranje. Tusken 1585 en 1625 waard de ferdigeningsgurdle oanlein. Nei dy tiid wie Goes benammen in agrarysk sintrum. Yn 1868 kaam der in spoarferbining, mar yndustrialisaasje bleau út; de ekonomy bleau him rjochtsjen op tsjinstferliening en lânbou.
Oarlochsjierren Yn 'e Earste Wrâldkriich foelen der troch in Britske flater 7 bommen op Goes en Kloetinge; der foel ien deade yn Goes. Yn 'e Twadde Wrâldoarloch bleau Goes relatyf frij fan oarlochsskea, al stie de stêd oant de befrijing op 29 oktober 1944 ûnder Dútsk bewâld.
Wettersneed 1953 By de wettersneedramp bleau Goes drûch, al skeelde it net in soad. Wol waarden Wolphaartsdijk en Oud-Sabbinge (no ûnderdiel fan Goes) troffen; dêr kamen 14 minsken om. Goes tsjinne as opfangplak foar evakuees út de omkriten en yn 'e Grutte Tsjerke waarden slachtoffers opbierre.
Hjoeddeisk Goes Yn 'e jierren 1960 en 1970 groeide de stêd wer flink en naam de yndustry ta. De Smallegangesbuurt waard foar in grut part sloopt en letter wer opboud. Troch nije wiken lykas it Goese Meer en Ouverture groeide Goes fierder. Hjoed-de-dei is ien fan 'e wichtichste ekonomyske sintra fan Seelân.
Op 27 oktober 1976 fûn by Goes in swier treinûngemak plak, mei 7 deaden en 8 ferwûnen as gefolch.
Wapen thumb|left|Muorreskilderij fan in goes. Op it wapen fan Goes stiet ûnder oaren in wite goes, dy't ôfkomstich is fan Súd-Bevelân. Oer de reden dat de goes yn it stêdswapen stiet, besteane ferskate teoryen. Neffens de hiemside fan 'e gemeente Goes binne de guozzen wierskynlik in ferwizing nei de wylde guozzen dy't op Súd-Bevelân oerwinterje. Goes wurdt dêrom ek wol "Guozzestêd" neamd. Mei karnaval wurdt de namme tydlik feroare yn 'Hanzehat', Siuwsk foar 'Guozzegat'.
It besjen wurdich De âlde binnenstêd telt in grut tal histoaryske strjitten (lykas de Sint Jacobstraat, Pyntorenstraat, Korte Kerkstraat, Koningstraat, Opril Grote Markt en de Zusterstraat) en âlde pleinen (Vlasmarkt, Singelstraat, Beestenmarkt en de Grote Markt). thumb|260px|Stedhûs. It 15e-iuwske stedhûs oan 'e Merk is boud yn goatyske styl. It Slot Oostende is in restaurant, hotel en bierbrouwerij, dêr't dielen fan it eardere kastiel Oostende yn binne opnommen. It út 1753 datearjende Hotel 'De Korenbeurs' is ûnderbrocht yn it eardere boargemastershûs. thumb|260px|Marije Magdalenatsjerke. De Grutte- of Marije Magdalenatsjerke is in letgoatysk tsjerkegebou út 1423. Yn 'e tsjerke is in grêfmonumint en in monumintaal oargel te finen. De grutste tsjerke fan Goes is de Sionstsjerke fan 'e Grifformearde Gemeenten mei 2.250 sitplakken. 't Soepuus oan 'e Kleine Kade is in eardere wettermûne dy't wurke op it tij. Oant likernôch 1800 wie de mûne yn bedriuw. It koepeltuorke datearret fan 1624. Yn Goes binne ferskate âlde poartsjes, ûnder oaren yn 'e Zusterstraat út it jier 1655. De rûne stiennen nôtmûne De Koornbloem is in stellingmûne út 1801. De telefyzjetoer Goes út 1957, 135 meter heech (foar 2007 wie dizze 146 meter heech). Yn Goes stiet in wettertoer út 1912. Fan 'e fêstingwurken is it grutste part yn 'e 19e iuw sljochte. De poarten binne doe ôfbrutsen, lykas ek dielen fan 'e fêsting yn it noarden en easten fan 'e stêd. De Sint Maartensbrêge is in flapbrêge oer de stêdshaven. It stedskantoar fan Goes is in opfallend modern gebou. By de bou, dy't 23,4 miljoen euro koste, hearde it ta de djoerste stedskantoaren fan Nederlân. Sûnt 2015 wurde op inisjatyf fan 'e lokale kulturele ried ûnder de namme "Mural Goes" grutte muorreskilderingen op gebouwen oanbrocht.
Musea Histoarysk Museum De Bevelanden (ûnderbrocht yn in âld kleaster) Steamtrein Goes - Borsele (SGB)
Kategory:Plak yn Goes