Hendrikus Wilhelmus Franciscus Aukes, meast Henk Aukes (Haarlim, 4 juny 1905 - Boalsert, 3 febrewaris 1999), wie direkteur fan it roomske foarmingssintrum "Vinea Domini" yn Wytmarsum (1956-1970).
Dêrfoar wurke er yn de útjouwerij, op universiteitsbibleteek Nymwegen, by de radio (Herrijzend Nederland, regionale omroppen, Wrâldomrop); fan 1956-1972 foarsitter fan it Roomsk Frysk Bûn, dêrneist lanlik en ynternasjonaal belutsen by de organisaasje en ûntwikkeling fan de folwoeksenenfoarming; stimulearre de oekoemenyske gearwurking en wie de earste foarsitter fan de Europeeske kommisje foar foarming en oekumene. Hy publisearre oer Fryske- en Roomske saken en folwoeksenenfoarming.
Wurk Katholieke Friese geslachten (1941) Kardinaal De Jong (1956) Het leven van Titus Brandsma (1961) Fierders rapporten en artikels.
Kategory:Nederlânsk pedagooch Kategory:Nederlânsk útjouwer Kategory:Nederlânsk bibletekaris Kategory:Nederlânsk radiopresintator Kategory:Nederlânsk bestjoerder Kategory:Nederlânsk publisist Kategory:Frysk pedagooch Kategory:Frysk útjouwer Kategory:Frysk bibletekaris Kategory:Frysk radiopresintator Kategory:Frysk bestjoerder Kategory:Frysk publisist Kategory:Frysk persoan fan Nederlânsk komôf Kategory:Nederlânsk persoan fan Frysk komôf Kategory:Wytmarsum Kategory:Persoan stoarn yn Boalsert Kategory:Persoan berne yn 1905 Kategory:Persoan stoarn yn 1999