Sas fan Gint is in doarp yn 'e Siuwske gemeente Terneuzen. It plak leit oan 'e grins mei Belgje. It Kanaal fan Gint nei Terneuzen rint troch Sas fan Gint. De namme fan it doarp betsjut "slûs fan Gint", om't it krekt benoarden de Belgyske stêd Gint leit.
Bestjoerlike yndieling Oant 2003 wie Sas fan Gint in selsstannige gemeente. De eardere gemeente hie in oerflak fan 63,65 km² (wêrfan 3,02 km² wetter) en bestie ek út de plakken Filippine, Westdorpe en Zandstraat. Al dizze plakken meitsje no diel út fan de gemeente Terneuzen.
Skiednis Sas fan Gint is oarspronklik in grinsfêsting dy't stifte waard yn 1547, doe't de stêd Gint fan keizer Karel V tastimming krige om in kanaal nei de Westerskelde te graven. Tusken 1551 en 1563 waard in slûs oanlein benoarden Zelzate, dy't dêrnei fersterke waard. Yn 1583 waard it plak troch Spaanske troepen ynnommen.
Yn 1644 waard it plak troch Freark Hindrik fan Oranje oermastere en waard it ûnderdiel fan 'e Republyk fan de Sân Feriene Nederlannen. Sas fan Gint waard yn 1672 troch de Frânsen oanfallen, mar hja slaggen der net yn it plak yn te nimmen. De Frânsen kamen werom yn 1747 en feroveren de stêd doe wol. Tusken 1825 en 1827 waard it Kanaal fan Gint nei Terneuzen groeven, en tusken 1882 en 1885 waard in sydkanaal nei Sas van Gent oanlein.
De katolike Marije-Himelfearttsjerke is in trijeskippige basilykeftige tsjerke, boud tusken 1891 en 1892 nei in ûntwerp fan Joseph Cuypers. De tsjerke ferfong in foargonger út 1739.
Sas fan Gint hie yn 1840 854 ynwenners. Yn 1869 waard in spoarstasjon iepene oan it spoar fan Terneuzen nei Gint. De line waard yn 1939 sletten en it gebou waard yn 1967 sloopt.
It plak begûn oan 'e ein fan 'e 19e iuw te yndustrialisearjen. Om't de rest fan Seelân net genôch swiet wetter hie foar de sûkerproduksje, krige Sas fan Gint twa sûkerbitefabriken. De earste wie de NV Zeeuwsche Beetwortelsuikerfabriek, oprjochte yn 1872. De oare wie in koöperaasje: de Eerste Nederlandsche Coöperatieve Beetwortelsuikerfabriek (ENCBS). In museum wijd oan it yndustrieel erfgoed is fêstige yn 'e pakhuzen fan 'e eardere ENCBS, dy't yn 1989 ticht gyng. De oare sûkerfabryk waard yn 1986 sluten.
Fan 'e oarspronklike fêsting binne mar in pear resten oerbleaun. Nei de oermastering fan Sas fan Gint troch de Frânsen setten dy útein mei de sloop, itjinge oant 1809 trochgyng. Nei de opheffing fan 'e fêsting yn 1816 waarden de grûn ferpachte en letter waard der in soad boud. Yn 'e jierren 1930 waarden wurkleazen ynset om de restearjende wâlen hielendal ôf te graven en te sljochtsjen.
Ofbylden
Kategory:Plak yn Terneuzen Kategory:Eardere gemeente yn Seelân Kategory:Bestjoerlike ienheid opheft yn 2003