Groot-Abeele is in buorskip yn 'e gemeente Flissingen op it Siuwske skiereilân Walcheren. De buorskip leit oan 'e noardkant fan East-Souburg en net fier besuden de Middelburchske Erasmuswyk. Oant 1966 hearde Groot-Abeele by de gemeente East- en West-Souburch.
It buorskip bestiet út trije strjitten mei de nammen Grote Abeele, Abeelseweg Oost en Abeelse Bongerd. It hearehûs 'Huize Abeele' út 1848 is in bysûnder gebou. Foarhinne wie Groot-Abeele in populêre stop foar deitoeristen út Flissingen en Middelburch; der wiene doe trije herbergen. Klein-Abeele wie in noch lytser buorskip, in pear hûndert meter benoarden Groot-Abeele oan 'e âlde Vlissingseweg. De lêste resten fan dat plak binne ferdwûn by de ynundaasje (oerstreaming) fan Walcheren yn 1944.
Doe't it Kanaal troch Walcheren yn 1872 groeven waard, kaam in diel fan 'e Abeelseweg oan 'e oare kant fan it kanaal te lizzen. Oan 'e wâl fan it kanaal, lâns de tramline Flissingen-Middelburch, ûntstie in nije buorskip: Nieuw-Abeele (foarhinne hearrend by de gemeente East- en West-Souburch, no part fan Middelburch). Njonken lânbouarbeiders, dy't op 'e pleatsen oan en om 'e Abeelseweg wurken, kamen ek wurknimmers fan 'e trammaatskippij yn Nieuw-Abeele te wenjen.
Kategory:Plak yn Flissingen