|thumb|220px|Ingelske tún yn Wilton |- |thumb|220px|It Wilhelminapark yn Utert |- |thumb|220px|Oranjestein yn It Oranjewâld |- |thumb|220px|Ingelske tún by Slot Zeist |- |thumb|220px|Wetterstream yn Ingelske tún by München |- thumb|right|220px|Blenheim Palace Park, troch Capability Brown |} In Ingelske tún, Ingelske lânskipstún of tún yn de Ingelske lânskipsstyl is in lânskipstún dy't yn de twadde helte fan de 18e iuw en it begjin fan de 19e iuw yn de moade kaam.
Yn Ingelân stapte men op beskaat stuit ôf fan it idee dat de natoer yn 'e hân en fan minsken oerhearske wurde moast, sa't dat stal krige yn de strang symmetryske Frânske tún mei syn geometryske foarmen. De tunen waarden no sûnder symmetry en lykwicht oanlein. Wol hienen sy noch sobere paviljoentsjes, mar bygelyks bylden kamen der net folle mear yn. It ûntwerp is basearre op de doetiidske foarstelling fan romantyske, parkeftige lânskippen mei ûnferwachte trochkykjes, ek op it omlizzende fjild. Dat waard stal jûn troch it oanlizzen fan gersfjilden, leafst op in terrein mei hichten, mei hjir en dêr beamgroepen en keunstmjittige markes en streamkes.
De strakke barokke styl rekke al foar de Frânske revolúsje út de moade, wat goed te sjen wie yn de Ingelske moade (Mode à l'Anglaise), dy't letter oerroan yn de Romantyk.
Skaaimerken fan de Ingelske lânskipstún soart fan tafallich lykjende, 'natuerlike', asymmetryske oanlis. fariaasje yn patroanen fan paden en wetterpartijen op romme weagjende gersflakten. nijsgjirrige ôfwikseling fan groepen planten/beammen en túnornaminten, sa as in timpel, Sineeske pagoade, in sabeare hermitaazje en oare eksoatyske bouwurken, saneamde 'follys'.
Bekende Ingelske tunen en parken Nederlân Vondelpark yn Amsterdam Sarphatipark yn Amsterdam Florapark yn Amsterdam De Ingelske Tún op Begraafplak Zorgvlied yn Amsterdam Park Sonsbeek yn Arnhim It Van Bergen IJzendoornpark yn Gouda Het Noarderplantsoen yn Grins De Ingelske Tún yn Harns De tún fan 'e Epemastate yn Ysbrechtum De Keukenhof yn Lisse Het Park yn Rotterdam It súdlik part fan it Julianapark yn Utert Park Rams Woerthe yn Stienwyk It park om Slot Zeist hinne, by Zeist Wilhelminapark yn Utert It Engelse Werk yn Swol
Oare lannen De Paleistún fan Buckingham Palace, Londen Los jardines del Buen Retiro, Madrid Stourhead, yn Wiltshire (Ingelân) Englischer Garten, München Part fan de tún fan it Paleis fan Caserta, Napels Kew Gardens, Richmond
Arsjitekten fan Ingelske túnen Stephen Switzer (1682-1745), Nobleman's, Gentleman's and Gardener's recreation William Kent (1685-1748) Charles Bridgeman Capability Brown (1716-1783) John Vanbrugh (1664-1726) Lodewijk Wilhelmus Copijn (1878 - 1945) Lucas Pieters Roodbaard (1782 - 1851) Gerrit Vlaskamp yn Fryslân (1834 - 1906) Benjamin Thompson (1753 – 1814) Eduard Petzold (1815 - 1891)
Sjoch ek Iere lânskipsstyl Lette lânskipsstyl Frânske tún
Kategory:Túnarsjitektuer